Hendrik de Haan, 50 jier "Crescendo".
1956 - 2006
Hendrik de Haan al 50 jier mei "Crescendo" ûnderweis.
Wat moat ik noch oer him sizze,
Wat moat ik jim noch oer him útlizze:
Dat er al 50 jier in hiel trou lid is,
En is der mei in ynstrumint wat mis,
Ha se de boel wer bryk en krom,
Hendrik makket it wol en bringt it faak de oare dei al wer werom.
Mei Sinteklaas troch de buorren, it ploechje wie sa lyts,
It wie striemin waar, mar Hendrik kaam út Blije op‘e fyts.
Dat doe net mear stinne, mar rinne !!
En noch rint er mei as der in optocht is,
Mei syn 76 jier, dat is net mis !
Hy spile hjir op ‘e tromboane, de tuba en de bas,
Wêr ’t ien noadich wie, kaam Hendrik wol fan pas.
En as de dirigint yn in fakânsje in kear net koe,
Dan wie it Hendrik dy ‘t it stokje wol eefkes oernimme woe.
No, en dat wie altiid wol klear,
En wy blaasden op it ein fan de jûn net in noat mear.
Ek foar de boerekapel ha jo wol stien,
Dat hat ek altiid bêst foldien.
Oan minsken as jo tanket "Crescendo" har 110 jier bestean,
Minsken dy ‘t altiid mar klear stean en troch gean..
Dus ik soe sizze, gean sa mar troch, op nei de 80,
En dat der ek pakesizzers by ’t korps spylje, is fansels prachtich !
Op it plak, dêr ’t jo sels ek sitten ha,
Blaast Hindrik-Jan syn party mei op ‘e tuba.
En sûnt de simmerfakânsje, it is hast net te leauwen,
Sit Hessel-Sytse moai neist Pake op ‘e tromboane te skowen.
We kinne dus wol sizze, dat is gjin fraach,
De muzikale genen binne troch jûn, it sit yn ’t laach.
Hendrik de Haan, noch sa sûn en fit,
We hoopje, dat er noch lang op syn plakje neist Sybren sit.
Fan herte lokwinske mei dit jubileum!