Douwe Veenstra 20 jier dirigint
24 novimber
1985; it wie op in snein
en ús kofjekonsert rûn al aardich op syn ein.
Jelle de Vries wie doe ús dirigint
In entoesjaste, noch jonge fint.
Mar, sa fertelde hy oan it publyk,
Hy hie wurk fûn yn Assen en ferhuze nei Haulerwyk.
Dit
konsert wie foar him by Crescendo de lêste kear,
Mar syn opfolger stie al mei it stokje klear.
Mei de lêste mars "Sons of de Brave" kaam hy der foar
En it rûn fuort as it spoar.
Mei ús nije dirigint Douwe Veenstra
Like it ús dan ek wol goed ta!
Mar syn kollega's seine: "Crescendo, dat is niks foar dy,
Binnen in jier bist dêr wol wer wei".
Mar dat seagen se hielendal ferkeard,
En dat is dan ek hiel oars beteard.
Se moasten ris witte
Hoe 't wy hjir no jûn mei elkoar sitte!
Want hjoed op 'e kop ôf 20 jier,
Meitsje wy mei in soad plesier
Mei elkoar muzyk, mar dat net allinne.
Wy geane hjir tongersdeis sa graach hinne
Om mei elkoar te spyljen, mar ek om de wille,
Om it praatsje, dan kin je alles wer wat better tille.
It wurdt dan nei de rippetysje ek wol ris wat let,
Mar ja, wy ha de sosjale kant fan ús korps dan ek heech yn it faandel set!
En ús dirigint fielt dat ek hiel goed oan:
Presteare foert by ús net de boppetoan!
Alle jierren nei it konkoers foar in 1e priis
Liket ús wol op fleanen en foar ús dirigint in grutte griis!!
Dat wol net sizze, dat wy neat hoege te dwaan,
Want alle jierren wolle wy foar ús doarpsgenoaten in konsert jaan.
Dan moatte wy ek op 'e punt fan 'e stoel
En in moai programma delsette is dan ús doel.
Ien fan
de moaiste optredens fan it jier is foar ús dirigint
Blaze by it haadklassekeatsen, mei elkoar op 'e muzyktint.
De sneontemiddei fan it Holwerter feest yn it smûke Keechje
Ha wy dêr in protte wille, mar nei 20 jier moat Douwe noch freegje:
"Wa stiet foar en hoe is de stân",
want fan keatsen hat er noch altiid gjin sikkepit ferstân!
Dus sil er it keatsspul noch ris leare,
Dan moatte wy de oare simmer mar ris de Douwe Veenstra keatsparty organiseare.
Want alle jierren by it feest útlis jaan,
Dat helpt neat, je leare it noait hurder troch it sels te dwaan!!
Sa belibben
wy fan alles mei elkoar yn 'e rin fan dizze 20 jier
En meastal gie dat mei in protte plesier,
Healwize streken en nuvere fiten,
Nei in konkoers faak nei in sjinees te iten.
Mar yn Zaandam waard it al wat let,
We moasten oan ite, want de bus wachte net.
Mar Douwe woe ek noch blommen foar Maaike helje……en dus,
Namen we syn toetje mar mei yn 'e bus.
Nei Fulda
wie ek sa 'n prachtige tocht.
Dêr prate we noch faak oer mei in protte nocht!
Mei de Mearumers yn 'e bus der hinne,
En sa laitsje, dat de triennen je oer de wangen rinne.
De minsken yn Fulda hienen in prachtich feest organisearre,
En it bier en de slokjes moasten fansels ek net bedjerre ……...
"Fulda-eachjes",
dy útdrukking kaam dêr op 'e lappen
en je moatte eins mei west ha om dat te snappen.
Mar like
goed as de sinne net altiid skynt eltse dei,
Kamen der ek oare dingen op ús wei.
It libben bestiet net altiten út wille en laitsje,
Mar ek út triennen en fertrietlike dingen mei meitsje.
Sa binne ús ferskeidene trouwe leden en oanhang ûntnommen,
Dêr moat je ek mei elkoar troch sjen te kommen.
Dat je der yn sokke tiden ek foar elkoar binne
En mei elkoar wer fierder kinne.
Fan alles
hienen we sa by it ein
En dy 20 jier binne dan ek foarby flein……
Mar wy sitte hjir noch wol eltse kear
Miskien mei wat minder hier of in maatsje mear…..
Mar mei noch like folle nocht as 20 jier ferlyn
En ha we soms de sokken der noch goed yn.
Dan moatte der buordsjes komme mei: "Net Jeije!"
En de dirigint mar hâlde en keare en swit feije.
Jo ha
wol wat mei ús hân,
Want sa no en dan springe we wer út de bân.
Wy binne soms sa drok en net altiten like mak
En wurdt der sa lûd blaasd, de pannen fleane hast fan it dak !
Mar we kinne wol sacht, de lêste kear yn Drachten
Kamen we thús mei in punte-listje mei achten.
De muzikale puntsjes waarden wer ris goed op i set
En hienen jo ús mei in protte geduld op it konkoers taret.
Sels
nei 20 jier binne wy noch net te âld om te learen
En witte jo ús ta goede prestaasjes te ynspirearen.
2006 stiet
no al wer foar de doar 110 jier Crescendo,
wy geane der mei elkoar plat foar.
Safolle plannen en ideeën ha wy noch,
Dêr kinne wy noch jierren mei troch.
Mar ik ha hjirmei wol genôch sein
En bin mei dit gedicht op syn ein.
Litte
wy der mei elkoar ien op drinke,
Dat ús korps noch lang û.l.f. Douwe Veenstra "Crescendo" sil klinke !
Fan herte lokwinske mei dit bysûndere jubileum !
Holwert, 24 novimber 2005.