Eppie Dam, It burd fan Fidel Castro (Ferhalen), De Oare útjouwerij, Eanske 1995



Bestellingen

Particulier: In de bus na overmaking van 10 euro (plus eventueel een vrijwille bijdrage in de verzendkosten) op giro 4611391 van De Oare útjouwerij in Enschede met vermelding van BFC.
Boekhandel: Zie onze leveringsvoorwaarden.
 

Flaptekst

Nei Strie oerdwers (1978) en De ûnderste stien (1982) is dit de tredde ferhalebondel fan Eppie Dam. Der binne tolve ferhalen yn gearbrocht, ûntstien tusken 1980 en 1986.

Karakteristyk foar dizze ferhalen is dat de personaazjes har bewege tusken meardere wurklikheden, skynwurklikheden soms. De euforyske fuotbalspiler stapt sa út it stadion wei it paradys yn. Twa sneuvele piloaten springe oan in parasjute it hjirneimels út. De oerspande yngenieur hâldt fol dat er syn twalingbroer is. De moderne polderboer libbet yn gedachten yn it Brabân fan syn jeugd. De spookrider is der wis fan dat de grutte kliber de ferkearde kant út rydt. De nochteren argivaris jout him alle nachten oer oan dronkenskip.

It titelferhaal - it iennichste ferhaal dêr't de 'ik' yn gearfalt mei de persoan fan de skriuwer - giet oer de ferhâlding tusken reële en literêre wurklikheid. Yn 'e salon fan de hierknipper wurdt de skriuwer frege wat him beweecht om dingen te skriuwen dy't net strike mei syn eigen bestean. Is ien libben him net genôch?
'Och,' sei ik lakonyk om my der ôf te meitsjen, 'do kinst op papier dingen boppe wetter helje dêrst yn dyn dageliks libben wolris gedachten op hiest, mar dêrst dan bang foar bist omdatst de gefolgen net oersjen kinst. Of krekt al, mar dan kinst der miskyn net foar ynstean. Net in mins is folslein baas oer syn eigen libben, in skriuwer al oer dat fan syn personaazje.
Dat makket foar Eppie Dam al jierren it skriuwen de muoite wurdich. Ek ien boek is him net genôch. En dêr kin de lêzer bliid mei wêze.

Goaitsen van der Vliet
 



ISBN 90 71610 30 6

Foarmjouwing: Goaitsen van der Vliet
Omslachtypografy: Gerhard van Dragt bNO

Copyright © 1995 Eppie Dam, Balk
Neat út dizze útjefte mei oernommen wurde sûnder skriftlik goedfinen yn 't foar fan de útjouwer (dou@home.nl)
 


Ynhâld

- It burd fan Fidel Castro
- It frommes yn 'e reiden stoel
- In prachtich doelpunt
- Black en Decker & It Skuldgefoel
- De murd
- De hynsteblom
- It poldersyndroom
- It suden op healwei
- De geande en kommende man
- Femke
- Mear as in aardichheidsje
- Tusken himel en ierde

- Oantekens
 


It burd fan Fidel Castro

Wy troffen inoar op in sneontemoarn by Theo Coiffeur en hiene inoar yn lange jierren net sjoen. Ik siet yn 'e hoeke by de krantetafel en sneupte wat yn it slach lektuer dat men mei goed fatsoen oars net ynsjen kin as by soksoarte gelegenheden, en miskyn sels dan net iens. Doe't de doar iepengie en ik him werkende op itselde stuit dat syn holle binnen myn eachweid kaam, sloech ik it tydskrift teminsten hastich ticht en saaide it mei in koart gebaar op 'e gaoatise papierberch. Nei alle gedachten om my de bespotlikens fan myn bliksemaksje foar it ferstân te bringen, glied it blêd mei pynlike tragens by de gledde helling del en bleau behyplik op 'e râne fan 'e tafel hingjen.
Sa gau 't syn eagen mines moeten, krige syn gesicht hiel even it krampachtige trekje dat de twifelriedigens ferriedt fan ien dy't net dalik wit oft er in goekunde foar him hat of inkeld in frij aardich slagge kopy. It ynwindich wifkjen sloech him kenlik op 'e fuotten, want hy stie in eagenblik stokstiif stil, makke doe in beweging yn 'e rjochting fan 'e houten bank by de doar, mar sette lykwols in stap myn kant út, de eagen fiksearjend op 'e lege stoel dy't neist my stie.
Ik holp myn maat út syn iensume ûnwissichheid mei in flau glimke, dat myn gesicht seker safolle trekken fan werkennen joech, dat er oer syn ûnsichtbere drompel hinne stapte, ynienen doelfêst op my tasette en - út 'e befrijing wei - hurdhandich mei my fûstke.
'Deale, wat in see fan hier, en ek noch mar in grou burd derby,' sei er. 'Ik hie net iens sjoen datsto it wieste. Alles goed?'
Fansels wie it goed mei my. Gjin stjerling is sa ôfgryslike stom en lis yn 'e salon fan Theo Coiffeur syn persoanlike swierrichheden en sosjale konflikten foar oan ien dy't er yn jierren net sjoen hat, en mei wa't er boppedat doedestiids net mear as in oerflakkige relaasje hie. Dochs rekken wy dêr yn 'e hoeke fan 'e salon yn in frijwat persoanlik petear, nettsjinsteande myn wifelsinnige en ôfstanlike ynbring.
'Ja, ik ha dy in bytsje folge de lêste jierren,' sei er - it wie trouwens Rinse, mar dit foar de kunde. 'Ik moat earlik sizze, do hast wol in pear aardige dinkjes skreaun. Ja, dan doel ik even op dyn ferhalen, want gedichten kin ik gjin stom wurd oer sizze.'
'Hâld dy wat yn,' flústere ik mei sachte klam, want wêr't ik yn iepenbiere gelegenheden dan ek oer prate wol, oer myn skriuwen seker net. Krekt as moat ik dan ferantwurding ôflizze foar dingen dêr't ik as tafallige klant fan bygelyks in hierknipperssaak alhiel neat mei te krijen ha, en dy't my dan yn wêzen fierhinne frjemd binne ek.
'Mar wat ik sizze woe,' sei er, 'want dêr wie ik no benijd nei: do sitst no sûnder wurk, mar dêrfoar wurkesto dus op dy útjouwerij. Joech dat net...'
'Ik?' foel ik him ferheard tusken de wurden. 'Ik wit net wêrsto dat ferhaal wei hast, mar yn alle gefallen stean ik noch hieltyd foar de klasse.'
'Wêr't ik dat ferhaal wei ha?' sei er justjes stikelich. 'Dat moatsto noadich freegje, ja. Do skriuwst it ommers mei safolle wurden yn dyn lêste bondel, och, hoe hyt dat boek...'

'Ik hie by it ûnderwiis bliuwe moatten.' Do hearst it dysels noch sizzen. 'Ik gean dêr dea.' No bist dea. Do woest sa noadich op de útjouwerij. No bist der. En kinst net werom.
(De ûnderste stien, side 155)

Hein Polderman, registrearre it harsenapparaat, foarhinne ûnderwizer, foarhinne projektlieder by útjouwerij Jacob Jacobson bv, wurkleas sûnt 31 07 80, frou en bern ferlitten op 01 08 80.
(De ûnderste stien, side 190)

'Beide is net wier,' sei ik. Ik koe in gefoel fan argewaasje net keare, omdat it dochs klonk as in skuldbekentenis. 'Dat ik wurkleas bin, net. En dat ik op in útjouwerij wurke ha, likemin.'
'Dus do bist ek hielendal net by de frou wei,' sei er. Ut 'e yntonaasje dêr't er de wurden mei sei, koe ik net opmeitsje oft er no teloarsteld of ferlichte wie.
Theo hie it ronfelich kakemint fan in santiger ûnder it mes, wylst op 'e bank by de doar in man mei twa jonkjes yn stripboekjes siet te blêdzjen. Fan alle trije hifke ik de prûken hier, mar hoe't ik se ek relatearde oan 'e nijste moade, ik koe net gewaar wurde wa't aansent klant wêze soe en wa net. Yn it geunstichste gefal de man allinnich, mar dan noch wie ik hjir net wei.
'Mar dan is dat hiele ferhaal oer dy reis nei Egypte dus ek net wier,' gie myn maat fierder. 'En ik miende dat jim dêr doedestiids mei de PA hinne west hiene. Jim ha dêr dus hielendal net sitten.'
'Jawol,' sei ik.
'Mar it wie gjin oarloch, lykas yn dat ferhaal fan dy.'
'Ja,' sei ik, 'it wie oktober 73.'
'Dus it is al wier!'
Myn maat koe net witte dat syn ge-dus my de strôt úthong. Ut alle reservoirs dy't ik mar oansprekke koe, koe ik noch krekt genôch geduld bedjipje om myn fatsoen te hâlden en him net yn it ear te blaffen dat it no út wêze moast mei syn gekonkludear.
'Wat is wier?' frege ik sabeare-achteleas.
'Ja, dat sit ik my no hieltyd ôf te freegjen,' sei er.
'Sjoch,' sei ik, wylst ik op itselde stuit besefte dat ik dêrmei ien wurd te folle sein hie, omdat it my ferplichte ta it ôfstekken fan in ferhaal dat ik leaver foar my hold. 'Om mar by dat ferhaal fan dy Egypte-reis te bliuwen, alles wat mei it lân en dy oarloch te krijen hat, giet werom op feitlike gegevens. Ik ha doe in deiboek byholden, en dat ha ik derby hân by it skriuwen fan dat ferhaal. Alles kloppet op 'e dei en de oere ôf. Allinnich, tsjin de achtergrûn fan dy feitlikheden ha ik personaazjes en sitewaasjes delset dy't foar in grut part fiktyf binne.'
'Allegear optocht dus,' sei er rêd. Trije wurden, mar der wie net ien by dêr't ik út opmeitsje koe dat myn ferslach fertuten dien hie. Omdat ik ek net it idee hie, dêr noch feroaring yn bringe te kinnen, stimde ik him heal en heal mei en makke myn ferhaal dien. Yn 'e hope dat wy dêrnei op in oar ûnderwerp oergean koene.
'Oer dy reis en dy oarloch ha ik behalve in ferhaal ek in berneboek skreaun,' sei ik. 'De eksakte gegevens fan tiid en plak binne yn beide gefallen gelyk, mar fierder binne boek en ferhaal finaal oars. Sa giet dat mei skriuwen, ik meitsje derfan wat ik wol. En as ik dat net koe, soe ik ek noait wer in letter op papier sette wolle. De werklikheid sels is fakentiden net nijsgjirrich en kompakt genôch, en boppedat, dêr binne de kranten foar.'
'Mar dat ferhaal oer dat braakmiddel, dy Hein Polderman,' sei myn maat mei in soarte fan roppigens dêr't ik fan wearzge. Ik hie tocht dat dyn frustraasjes deun by sines lizze, mar ik begryp, dat bisto net sels? Of no wer al? Dit wurdt sa in tizeboel, hear.'
'Nee,' sei ik, 'dat bin ik net sels. Heechút is it in literêre ôfspjalting fan myn eigen persoan. En yn hoefier't wy miskyn gearfalle, kin ik sels net iens besjen, do dus hielendal net.'
'Ik koe my ek al net yntinke datsto sa wieste,' sei myn maat iepenhertich, alhiel foarbygeand oan 'e wrantelige toan fan myn lêste wurden. 'Mar wat beweecht dy no en skriuw sokke dingen? Is ien libben dy net genôch?'
It wie de earste fraach fan myn maat dêr't ik net dalik einefel fan krige. Krekt oarsom, hy like my sa fundaminteel ta dat ik my foarnaam om der thús fierder op troch te prakkesearjen, faaks skriuwendewei. De fraach mocht my dan net alhiel oer it mad kommen wêze, sa koart en yndringend hie ik him mysels noch noait steld.
'Och,' sei ik lakonyk om my der ôf te meitsjen, 'do kinst op papier dingen boppe wetter helje dêrst yn dyn dageliks libben wolris gedachten op hiest, mar dêrst dan bang foar bist omdatst de gefolgen net oersjen kinst. Of krekt al, mar dan kinst der miskyn net foar ynstean. Net in mins is folslein baas oer syn eigen libben, in skriuwer al oer dat fan syn personaazje. Hy kin der alle kanten mei út en him de meast ferskriklike dingen tinke, sizze en dwaan litte, oan in selsmoard ta, sûnder dat der foar de skriuwer fierder bloed út rint. Ik ken in skriuwer dy't syn selsmoard tefoaren kaam troch him detailleard te beskriuwen. Oarsom kin trouwens ek. Datst tichter by in selsmoard komst.'
Ik krige ynienen oanstriid om út 'e salon wei te stappen en my achter it skriuwburo krekt salang te pinigjen mei de meast ûnmooglike fragen, oant it oerflakkich en fragmintarys tinken fan dit momint starich en djip delsinke soe yn ien allesomfiemjend helder byld. Lykwols koe ik my bedimje.
Myn maat stoarre foar him út, krekt as wie der neat mear dat er noch teplak prakkesearje koe. Theo krige de santiger de ljochtblauwe skelk foarwei en helle him in feierke oer de rêch. De heit fan 'e beide bern moast myn ûnrêst opmurken ha, want foar't er yn 'e stoel sitten gie, die er my te witten dat de jonkjes net knipt wurde hoegden. Ik seach nei myn maat, dy't my no mei grutte eagen oan siet te gapjen. Krekt as hie er opnij muoite om my te werkennen en krige er hieltyd mear it gefoel dat er hjir mei in frjemd siet te praten.
'Ja krekt,' sei er doe ûnferwachts. Net omdat er it einlings foar it ferstân hie leau 'k, mar kenlik mei de bedoeling om in oergong te meitsjen nei wat oars. Of om fan my ôf te kommen. Hy die in taast nei de lektuertafel en krige it tydskrift derôf dat noch altyd krekt sa oan 'e foet fan 'e papierberch lei. Sûnder euvelmoed begûn er der yn te lêzen. Wylst ik Theo achtsloech yn it ambachtlik meneuveljen mei topkes hier, fingerfluch yn in gûchelballet mei skjirre en kaam, giene de minuten foarby. Foardat ik der erch yn hie, stapte de heit út 'e stoel, en fage Theo de tûfkes hier op in bult.
'Fidel Castro mei wol sitten gean,' sei er laitsjendewei.
Myn maat liet him it tydskrift út 'e hannen rûgelje en seach my op en del oan. Op dat stuit wie ik der wis fan dat ik foar him mear gelikenis fertoande mei de romrofte Cubaan as mei mysels. Ik kaam sûnder in wurd te sizzen oerein, rûn de spegel yn 'e mjitte en sette my teplak yn 'e stoel.
'Stikeltsjes,' sei ik tsjin Theo.
'Ja, stikeltsjes,' klonk it achter myn rêch. 'Doe hiesto altyd stikeltsjes. Ik ha dy noait oars kend as mei stikeltsjes. It stiet ek noch yn ien fan dy ferhalen fan dy...'

Ik fielde my útsûnderlik sûn. Ik trape as in heiden. Ik hie nei de kapper west. Stikeltsjes. Dan wie ik altyd sterk.
(De ûnderste stien, side 49)

Ik joech gjin azem. Kalm seach ik ta hoe't Theo my in jongeskopke út 'e swarte wolle knipte. Alle ideeën foar nije ferhalen dy't my niis noch ryklik troch de holle flinteren, foelen my no as tsjokke lokken op it skouder. Ik waard útklaaid dêr't ik by siet. Ik knippere mei de eagen en tute de lippen om te kontrolearjen oft de healwoeksen amtner yn it spegelglês lyksa reagearje soe. Om te sjen oft ik it wie. Ik koe der net foarwei.
'Wat dogge we mei it burd?'
'It burd giet derôf,' sei ik resolút.
Doe't ik út 'e stoel weistapte en dalik de spegel de rêch ta kearde, kaam myn maat op my ôf. Hy die de hannen wiid útinoar, as wie it in wolkom neidat ik nei in romtefeart troch it grut hielal opnij de ierde betrêde hie.
'Sa ken ik dy wer,' sei er mei in brede laits. 'Witsto noch dy kears dat wy by Kollum tsjin FC Meppel, doe't it 1-1 stie, lykas it folk Israel doedestiids om 'e stêd Jericho, sânris om it fjild hinne rûnen, en ferdomd, by de sânde kear waard it 2-1?'
'Ja,' sei ik, 'hoe bestie it, hen?'
'Is dat no neat foar in ferhaaltsje?' woe myn maat witte. 'It is ommers wier sa bard?'
'En elk mar tinke dat ik it optocht hie,' sei ik.
Wylst Theo himsels in bekerke kofje yngeat, rekken myn maat en ik yn in flot petear oer de prestaasjes fan ús semi-fuotbal-profs yn Ljouwert en It Fean. Ek praten wy noch even oer it iishockey en volleybal yn ús provinsje, en dat it keatsen sa'n opgong makke yn 'e Noardeasthoeke. Doe't Theo syn kofje ophie, pikte er it bekerke mei in boartlike smash yn 'e pedaalamer en noege myn maat yn 'e stoel. Dy stuts my de hân ta. Wy fûstken.
'Moai dat we dochs noch even praten ha,' sei myn maat mei de klam op 'dochs'. Doe gie er yn 'e stoel sitten.
Yn 'e glêzen doar seach ik dat de jas my ynienen in maat te grut wie, sa keal wie ik. By it iepenslaan fan 'e doar, miende ik dat ik derachter wie: it ferskil tusken myn maat en my. Ik hearde him noch krekt tsjin Theo sizzen: 'In bytsje byknippe graach.'
Dat lêste ha ik der no trouwens bybetocht om in draai oan dit ferhaal te jaan. Rinse hat dit dus yn werklikheid net sein, likemin as al it oare trouwens, want ik wit fan gjin Rinse. Ek net fan in hierknipper dy't Theo hyt, en in petear lykas ik hjir beskreaun ha, mei my net heuge. Mar dat fan dy Jericho-goal is stjerrende wier! Jenne Wierstra wie derby.
 


Kolofon

It burd fan Fidel Castro fan Eppie Dam waard set út Garamond en Syntax by Bits & Books yn Eanske, printe op 90 grams duorsum romandruk en 170 grams Rives Tradition by FeboDruk yn Eanske en útjûn troch De Oare útjouwerij yn Eanske yn febrewaris 1995.
 

Sjoch ek:

De Oare útjouwerij, post dou@home.nl
19-08-2009