|
De Oare útjouwerij |
Jan Wybenga, Grien en koaningsblau , De Oare útjouwerij, Enschede 1993
1 Tûken kreakje fan droechte
2 De skallebiter
3 & as de blauwe skaden
4 Egotripper
5 Troch de ondergroei
6 By de ivige jachtfjilden om
7 Skallebiters waarden wiid ferneamd
8 Beret stappend onder de platanen
9 Sil dochs wurde wat net wêze kin
10 By wize fan ynwijingsrite
11 Soene wy tegearre dûnsjend
12 De nacht dy't sonder om te sjen
13 Parasjutisten
14 Wienen wy bleaun sa't wy wiene
15 Keunstrike Mancadan
16 Mancadan do lang bedobbe wrotter
17 Ferburgen linen bylâns
18 Rûn hjerstmis op sa'n skiere moarn
19 De grûn en de loft en it wetter
20 Singeliere master Mancadan
21 Foar myn eagen
22 Hoeden praat ik yn 't nijste bargoens
23 Oan onfoech fan wizers en skermen foarby
24 Dy earste moarns doe't it wêze moast-
- Kolofon
ISBN 90 61710 22 5 - ISSN 0924-8943 - Rûge rige 7
Staljûn troch Goaitsen van der Vliet
© 1993 Jan Wybenga, Grins
Neat út dizze útjefte mei oernommen wurde sonder skriftlik goedfinen yn 't foar fan de útjouwer.
T.A.B.
Keunstrike Mancadan
de fjirde oktober hjoed
woe ik de dei betinke
fan jo ferstjerren yn de Hear.
Utsocht waar de greiden noch
stoffeard mei beesties
rieden wy de Wâlden troch
en heven op in smûk terras
op jo en Elske 't glês.
Mar de jûns om sânen hinne
saaide yn 't Westen
út de loft in fjurrich ark.
Withoefollen te betinken
mei jo op deselde dei.
Merkst it net dat ik dy neam
no't it sa útkomt by myn dollen
yn de feanen fan de taal.
Ek de skallebiter jout it neat
dat ik him neam en patrûlearje lit
yn de leechte fan in fers.
De fûgel ontkaam yn it tinende lûdhoal
rap op 'e wjokken skerp kritend
nei de fierste fierte.
Sont rekke de klap fan it earste skot
yn gysten dwergepraat fersille.
Yn blauwe bosken fan leginde
reitsje wurden it paad bjuster
onbegryplike fier.
11
'Mydt der Boeren Feesten.' Dat advys jout G.A. Brederode yn Kluchtigh Boeren Geselschap.
15-21
De skilder Iacobus Mancadan (1602-1680) kaam fan Minnertsgea, troude te Ljouwert yn 1634 mei Elske Mathijs. Wie tusken 1637 en '39 boargemaster fan Frjentsjer. Waard yn 1645 boarger fan Ljouwert. Kocht in hûs oan de Grienewei foar 2607 gûne. Loste dat bedrach ôf mei skilderijen fan syn hân.
Hy skildere yn Italiaanse trant. Mei't er ek aktyf wie yn de feanterij yn de Súdeasthoeke en eigener fan it Foarwurk, in eardere úthôf fan it kleaster Smelle Ie, tusken Sigerswâld en Bakkefean, binne ek trije lânskippen út dy krite fan him bewarre.
Op de grêfstien - no yn it Frysk Museum - lêst men:
Anno 1680 den 4e october
is in den Heere gerust
den eersamen konstryken Iacobus Mancadan
in leven old burgemeester der steede Franequer
oudt 78 iaeren en leit hier begraven.
18
Mieuwe Meer mei fiif Oude Huys steeden op de kaart fan Schotanus (1718).