
Jan Wybenga, It hûs (en oar neilitten wurk besoarge troch Goaitsen van der Vliet), De Oare útjouwerij yn 'e mande mei Hispel, Eanske/Wiuwert 1998
Jan Wybenga yn in notysje
- Haadstik 1 - It hûs
- Haadstik 2 - De spegels fan Tsjirkje
- Haadstik 3 - De stjer fan Utah
- Oar neilitten wurk
De Cotton fan de Amerikaan (fragmint)
Itensscène
CCCXXXVI
Mei tank oan Albertina Soepboer, FLMD, Jurjen Bakker, Piter Boersma en Tine Bethlehem.
Troch de besoarger opdroegen oan Sijke Wybenga-Post.
ISBN 90 71610 48 9
Ek ferskynd as septimbernûmer fan it tydskrift Hjir
Boekblok: Drukkerij Van der Eems, Easterein
Typografy: as Hjir
Omslach: Drukkerij PinksterPalm, Eanske
Typografy: Gerhard van Dragt bNO
Fotografy: Goaitsen van der Vliet
© 1998 Erven Jan Wybenga, Grins
Neat út dizze útjefte mei oernommen wurde sonder skriftelik goedfinen yn 't foar fan de útjouwer.
Boppesteande waard op 9 maart 1987 útsprutsen troch Jan Wybenga (1917-1994) by de iepening fan de tentoanstelling Byldzjende skriuwers / dichtsjende keunstners yn it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert. It dêrby neamde 'dokumintêre ferhaal' Ofskie fan Apollo kaam lykwols net ree, omdat him net wat mear tiid fan libjen gund waard. Gjin opfolger fan it frijwat onderwurdearre proazaboek Moai waar en lange dagen dus. Of dochs?
Goaitsen van der Vliet, útjouwer om utens, sammele it beskikbere materiaal neffens de winsk fan de auteur onder de titel It hûs en skreau der in ynlieding en in wiidweidige ferantwurding by.
It is net allinne fanwegen de oarspronklikens en de unike styl fan Jan Wybenga dat dit sa'n bysonder gehiel wurden is. Just troch it net folslein wêzen fan guon stikken krijt men ek in aardich byld fan syn wurkwize. Dit makket It hûs / en oar neilitten wurk ta in like lêsber as nijsgjirrich literêr-histoarys dokumint.
Dit boek koe dus noait mear wurde wat it oarspronklik wêze soe. Lykwols haw ik besletten om it wrâldkundich te meitsjen yn dizze foarm, omdat Jan Wybenga sels graach dien wurk makke hie, en, al sei er dat net mei safolle wurden, omdat er fan dat oangeande ek wol wat op my rekkene.
By de tarieding haw ik safolle mooglik tekstmateriaal fan de auteur sels brûkt: eardere publikaasjes, typoskripten, oantekeningen en útspraken út ús petear fan de 19e maaie 1994. Ik ha yn gjin inkeld gefal besocht ontbrekkende stikken sels te skriuwen yn de geast fan Jan Wybenga. Wol moast ik gauris in persoanlike kar meitsje út ferskillende formulearrings, of fragminten oanpasse om se better op inoar oanslute te litten. Dêrby haw ik stribbe nei konsistent perspektyf, wurdgebrûk en stavering.
Hjir en dêr yn 'e tekst steane, oanjûn mei rjochte heaken, redaksjonele tafoegings. [..] betsjut dat der wat weilitten is, in net nei te kommen stikje hânskrift bygelyks.
Yn de Ferantwurding achteryn gean ik fierder yn op myn boarnen en wurkwize.
Behalven de trije net foltôge haadstikken fan It hûs is der noch wat Oar neilitten wurk opnôm yn dizze útjefte: it begjin fan De Cotton fan de Amerikaan, in iere frysktalige skets en it noch net earder bondele alderlêste fers fan Jan Wybenga.
Wat der fierder noch as 'neilitten wurk' yn 'e beneaming komme kinne soe, liket my op it earste gesicht net gaadlik foar publikaasje yn dit ferbân, want wat Jan Wybenga behalven poëzij en proaza ek omraak meitsje koe, wie regaad. It iennichste wat er sa te sjen bewarre oan hânskriften wiene oantekens en fragminten dy't er letter faaks nochris brûke koe. Op in pear útsonderingen nei is sa al it foarwurk foar syn publikaasjes yn 'e papierkoer bedarre. Hy woe net dat literêre sneupers syn gongen as dichter of proazaskriuwer neiride koenen, it iennichste wat telde wie de einslutende tekst.
Benammen oer wat no krekt feit en wat fiksje is yn syn wurk, liet Jan Wybenga him net graach út. Hy brûkte altyd wol safolle autobiografyske en histoaryske gegevens dat alles wier bard liket te wêzen. Yn syn treflike stik De mishipte biograaf (Jan Wybenga-nûmer, Hjir 1992-4/5) hat Jarich Hoekstra oantoand hoe't Moai waar en lange dagen folle mear is as de 'keale' autobiografy dêr't guon besprekkers it foar oansjoen ha.
Dat ek It hûs folle mear ynhat - of ynhân hie as de skriuwer dien wurk meitsje kind hie - waard my nochris dúdlik doe't ik fan 't simmer op 'n paad wie om foar dit boek in foto fan it hûs te meitsjen. Sijke Wybenga-Post hie my sein dat it op de hoeke fan de Easterstreek by de tsjerke stie. Dêr fûn ik de âlde pastorije dy't Jan Wybenga my yn in boek oer Noardwâld alris oantsjut hie, as soe dat it hûs út syn te ferskinen boek wêze. Dat hûs foldie lykwols mar oan in pear fan de beskriuwings yn it ferhaal, lykas 'der sit in bêste klampe hout oan en it stiet onder de kastanjebeammen'. Wat my benammen net noaske wie de ôfstân tusken dyk en foardoar, in mearfâld fan de 3 m 34 út it part Onderweis nei de foardoar. Doe't ik Sijke hjiroer belle die bliken dat sy Jan syn bertehûs op 'e hoeke fan 'e Easterstreek bedoeld hie. Nee, it soe gean om it hûs dêr't 'de feearts' Andries de Boer wenne hie, in ein fierderop oan deselde kant fan de Easterstreek.
Mar in wike letter koe ik ek dêr gjin hûs fine dat my genôch oan de beskriuwings foldie. In âld arbeider dy't ik der nei frege koe my aldergeloks fierder helpe. Behalven in prachtige anekdoate oer de feedokter - hy hie in kear mei in slok tefolle op salve oan in deade ko strike wollen - krige ik te hearren wêr't dy wenne hie.
Easterstreek nûmer 38 wie yndie in opfallend lânhûs mei mânske dakkapellen, mar der wie gjin sprake fan in plat dak as yn it Petear mei Oolde Haans, en de foardoar siet in hiel ein fan 'e dyk oan de sydkant. Doe't ik oanbelle seach ik nêst de foardoar de earste stien: Tiny de Boer 1925. Ik wie waarm. De bewenners koenen my fertelle dat Andries de Boer der wenne hie oan syn dea yn 1944 ta. Dus gjin master, gjin Bataaf, gjin Piet Idsardy, lykas it ferhaal ha wol. Der hiene al dy jierren oars net as feedokters wenne. Mar fan De Boer wisten se ek dat dy earst in oar hûs oan 'e Streek hân hie. Sa kôm ik lang om let by nûmer 123.
It hûs wie lytser as ik my foarsteld hie, mar it koe net misse: oan 'e dyk it âlde izeren hek ('ynswart mei kreas fergulde punten') tusken twa nije peallen, de pear stappen nei de foardoar en it platte dak. Dit wie it hûs. Doe't ik letter part 1.2.1 oan dit boek tafoege like alles prachtich gear te fallen: 'Foar (...) dy grouwe feearts, waard 'de villa' te behindich. Hy liet troch ús heit in gruttere sette, in echten ien, neffens de lêste moade yn lânhuzen.' Dat hie dus yn 1925 syn beslach krigen.
Mar noch wer letter kôm ik yn Grins op 'e kofje: Easterstreek nûmer 123 wie ek it hûs dêr't de twaling wenne dy't Jan Wybenga neffens eigen sizzen om 1938 hinne yn it foarbyfytsen neiroppen hie: 'Ku'j niks zegn, eignwieze!' Sterker nog: ien helte fan dy twaling wie Sijke Post, de faam dêr't er tsien jier letter mei troude.
Dus dochs gjin master, gjin Bataaf, gjin Piet Idsardy? Yn It hûs is blykber alles mooglik.
Goaitsen van der Vliet
In smoarch oeraltsje oan, de tûfen poetskatoen ta de bûsen út, sa liet Jean de houten kneppel oan de hege giele Shellpomp hinne en wer gean. Yn it iene glês foar him riisde de benzine trou omheech, wylst it oare leechrûn yn de tank fan in Citroën 15.
Doe't de slange wer hong, bûgde er him oer de amer nêst de pomp, knypte de spûns út en fage oer it fan skjinnens glimmende foarrút fan de auto. Troch it swit fan syn ynspanning wiene de glêzen fan syn stielen briltsje beslein rekke. It frommis nêst de auto sloech er earst wat better acht doe't se frege: -Sjochst net wa't ik bin?
Oer de amer bûgd dikere er troch de bewazeme linzen nei har omheech. Sa besjoen eage se oergrut.
-Wy ha op deselde skoalle west, sei se.
Hy joech him oerein. Elk oan in kant fan de glimmende auto stiene se tsjin elkoar oer. Hy fage treuzeljend mei de learen lape oer it blauwe dak. Se wachte goedgeunstich glimkjend ôf. In moai frommis. In reade madonna.
-Do bist Martsen Swart, sei er hommels. -Do kinst sa slingerboartsje!
-Witst it noch! Do hiest sa'n healwize namme, Jean of sa.
Dat Jean spruts se stadich út, as wie se benaud om de tonge te brekken oer sa'n boersk obstakel.
-Sa hjit ik noch, sei er foldien. -Mar sis mar Jeen. Dat dogge der mear.
Se gniisde. -Hoe is 't godsmogelik! Lang en meager bist ek noch en do hast ek noch sa'n idioat briltsje op.
Om dat punt fan krityk wei te moffeljen, sette er de bril hastich ôf en stuts him yn it boppebûske fan syn oeraltsje. Mar hy fielde him yn syn smoarge ferklaaiing dochs noch onbehelperich. Benammen omdat yn Martsen har ljochte simmerjurk alles sa kreas teplak siet. Foar safier't er dat sonder bril noch neikomme koe.
-Is dy auto fan dy?
-Nee. Dy is fan myn sweager, Sander Ekkelboom. Kenst him wol, de oannimmer. Hy hat wurk yn Frankryk. Sa komt er der oan. Sjochst se hjir hast noch nerges.
-En sa'n gloednije wein jout er dy samar mei!
-Sonder my kin de man him yn Frankryk net sa goed rêde, Zjaan! Hjir is dyn jild, feint.
Hy naam it jild fan har oan, sonder it earste foarskrift foar benzinetapers acht te slaan: tel nei watst ynbarst.
-As ik it oan tiid ha, wol ik wolris mei dy prate, rôp se achter it stjoer wei. -Kinst moarntejûn nei achten net ris lânskomme. Dan pas ik op de bern fan Sander en dy. Joei!
Wylst er noch heal ferbjustere mei it jild yn 'e hân stie, skuorde se de dyk nei it doarp del.
-Jezus, Maria! Yn ien klap wurd ik gek op dat frommis en se freget my!
Mei syn filmheldestap trêde Jean de garaazje yn. Doe't er mei hoekige hântaasten it jild yn 'e kassa opburch, seach er dat se him in stoer te min jûn hie. It kring! Mar se hie har goed besjen litten, tocht er goedwillich, doe't er by 't finster stie en de bril skjinfage mei potskatoen.
De iere simmerjûn wie sa't er wêze moast, waarm en helder. Oer de dyk leine, sa fier't men sjen koe, de greiden, helder of donker grien, soms spikkele mei it swart fan weidzjende kij. Hjir en dêr stie in beam, heech en rank, of in rychje wylgestobben by in sleat lâns, mar meast wie it leechhout, grutte plakken strewel dy't as wetterpuollen yn 'e sinne blonken. In spjirrebosk yn 'e fierte tekene skerp en donker yn dizich blau.
Oeren lyn al hie it ljocht him yn de lichte deljûn. By onderfining wist er hoe't onder it geweld fan de sinne it fjild yn 'e sûs lei; fol fan yn helderheid ferburgen dea, mar tagelyk optillend fan libben. Yn de gleone, ile atmosfeer waarden de siken jin omtrint benommen. Men krige in gefoel fan benearing, dy't net út it lânskip fuortkaam, mar út jinsels. It wie jins eigen eangst dy't him oppenearre.
Dy opstiging fan benaudens hie er besocht te beswarren mei in skilderij: de swarte wjirm fan it onbehagen knaagjend om in brol fan felle kleuren. Aardich, mar dat men jins eigen sloppe ellinde sa yn byld brocht, woe sizze dat men belies joech foar de macht fan de natuer.
Syn heit, dy't in skalk each hie op dit terapeutys skilderjen, hie him noait lytsman meitsje litten troch sokke sentiminten. Dy naam as jonge sokke wylde kriten gewoan foar himsels yn beslach. En noch jierren letter swetste er foldien oer syn aaisykjen, pols7springen, fiskjen, silen mei in gammele skou. In floed fan ferhalen. Ja, sa'n man hie ferset yn him. Dy liet him net ferbjusterje troch wat skril ljocht op wetter, gers en blêden. Dy wist al jong dat de ierde oan gewante knapen as himsels jûn wie om te brûken. Dat dy helle út sa'n healwylde krite onbekommere wat der yn siet: aaien, fleis of fisk. Dy helle mear út it frije fjild as onnutte plaatsjes.
Yn de baas syn stoel, mei de fuotten op it buro, joech er him del, en fiske nei wat bryk skermesearjen in rûn buske sigretten út in laad. Op it etiket stie yn in wite rêdingsboei PLAYER'S NAVY CUT. Yn it iepen rûntsje dêrtusken farden twa âlderwetse skipkes en wie ek it froede kopke fan in snoar- en burdsjedragende matroas te sjen. Op syn pet sonder klep stie HERO. Sa koe men daliks sjen wat syn funksje by de marine wie.
Jean krige in stik papier en tekene each yn each mei de held op it buske yn in pear halen in `Selsportret as seeman'. Hy begûn mei it briltsje, de grutte rûne glêzen. It kopke dêromhinne wer te jaan, gong him like maklik ôf as it setten fan in hantekening. By it opskrift foar op de baret wifke er tusken ARISTO en ANARCHO. It waard it lêste, ek al wie 't wat oerdreaun. Miskien wie er sa froed wol as dy matroas op it etiket.
Nei syn fiasko op skoalle, sitten bliuwe, hie syn heit it him goed yndruid: -Do bist in oerkommeling, in blastige omstipper, dy't it sâlt yn 'e jirpels noch net fertsjinje kin. Do kinst gjin sizzen ha en de hannen steane dy dwersferkeard foar elke minsklike wurksumheid!
En mear fan sok praat. Oerdreaun fansels, mar wol effektyf, want sont hie er him dimmen deljûn, en stadich en sekuer oanpield. Sels oan de pomp die er syn bêst.
Hy frommele it tekeninkje yn inoar en smiet it propke yn de papierkoer. Op de klok dêrboppe seach er dat it tsien oer sânen wie. Noch gjin kertier lyn wie Martsen Swart wer opdûkt as in kreas read frommis, yn in gloednije blauwe Citroën. En se noade de oerkommeling. Se sei: -Kom moarntejûn mar ris lâns.
De skoalle dêr't er mei har op west hie, wie de âlde doarpsskoalle yn N. Dêr lieten de bern fan de heechste klassen mekoar bytiden yn in lange rige oer it skoalleplein swiere, hjerstmis meast, by rûzich waar. By dat slingerboartsjen krige men djip út 'e mage wei in opstiging fan benaudens, dy't dan wer plesierich by de rêchbonke del prikele. Dy't lêst wie, moast soms fiks spurte om it op fuotten te hâlden.
Op in middei stie er nei it swaaien te sjen. De lêste, in fanke, koe it net langer hâlde en fleach tsjin him oan. Beide kwakten se yn it grint. Sy like bûtenwesten, it reade ponyhier flak op de tichte eagen. Hy hie hannen en knibbels iepen, in bûde foar de holle en wie heal yn 'e sûs.
Der kaam in juffer oanrinnen mei in EHBO-doaze. Mar it fanke lake al wer, wyt en net fan herten. It bloed op syn hannen en knibbels waard net achtslein: sonder fierder freegjen gong de juffer wer yn skoalle.
Doe begûn dy reade ponykop, dy Martsen Swart, sa redenryk te skellen, dat it him alhiel ferbjustere: -Do stomme, sleauwe, eigenwize brillejoad! Kinst net út dyn skilige eagen sjen! Wêrom fljochsto samar tsjin my oan...
It wie it earste en lêste dat se yn de mienskiplike skoallejierren tsjin him sein hie.
It alderlêste nijs dat er nei it ferfarren nei W. sa'n seis jier lyn, oer syn eardere wenplak, it sondige N. heard hie, kaam by syn freon Jochem Reinsbergen wei, dy't noch yn dat doarp tahâlde en him onder de lieding fan Sir John, in healwize út it onderwiis weipeste learaar, talei op Ingelske taal en literatuer. Yn N. leine se, neffens Jochem, mei hiele kloften, en goed rûch, te frijen op it sportterrein en yn de Evetille, in stik wyldlân achter de buorren. Mar gjin wurd oer Martsen Swart.
Op 'e dyk âle in klakson. Jean kipe troch it rút. By de pomp stie in moterrider drok te winken, sa'n kneukelhouwer fan de mts, mei in sels oplape Rudge. Mei wa mocht dy wol in ôfspraak ha dat er sa hastich wie. Foardat er ien drip krige, dy hufter, moast er de sinten sjen litte.
Jean krige de kaaien fan it buro. Stadich trape er nei de pomp om syn nederich wurk te ferfetsjen.
In eardere ferzje fan it titelhaadstik It hûs (episoade 1971-1972) is publisearre onder de titel ûnderweis nei de foardoar yn Alternatyf 1971-4 (diel 1), 1972-1 (diel 2) en 1972-2 (diel 3, by de ynhâldsopjefte oantsjut as diel 4) en onder de titel it hûs yn Alternatyf 1972-3 (ien: foarwurk), 1972-5 (ien: foarwurk (twa)) en 1973-1 (ien: foarwurk (trije)).
Foar in nije publikaasje yn boekfoarm hie Jan Wybenga it meastepart hjirfan al oanpast of op 'e nij skreaun.
Fan de trije stikken dy't misse (1.2, 1.6 en 1.8) binne koarte gearfettings beskikber en yn skeanprint opnaam.
Der binne twa nije typoskripten fan diel 1.0, it petear mei Grutte Aet P. oer de K.P., dat - folle koarter - as Petear mei de greate Aert X. te finen is yn Alternatyf 1972-1. Fansels is it nijste typoskript hjir brûkt foar publikaasje.
Ien wichtige rigel, dy't ek yn it âldere typoskript foarkomt, is letter mei potlead tafoege troch de auteur: 'Literatuer begjint dêr't it anekdoatise ophâldt.' Iksels ha de datearring 'begjin maaie '71' en de kursivearring fan 'kreative potinsje' oernaam út de eardere ferzje.
It typoskript fan diel 1.1, dat begjint mei Pyt, de dryste dûker yn 'e dea en dêr't wat biten en brokken fan werom te finen binne yn Alternatyf 1972-1, bestiet út in nij part fan fjouwer siden en in âlder stik fan goed twa siden mei tal fan min te lêzen ferbetterings mei potlead en swarte balpinne. Ek de alderlêste rigel is mei de hân tafoege, hastich sa't it liket, mei blauwe balpinne.
Diel 1.2 hie neffens Jan Wybenga noch hielendal op 'e nij skreaun wurde moatten. Omdat yn dit stik neffens de gearfetting ek oantinkens oan de eardere bewenners fan it hûs (de feearts, de master en De Bataaf) komme soenen, haw ik op dit plak onder nûmer 1.2.1 de tekst fan in passend typoskript ynlaske. It is in ferkoarte ferzje fan de earste fiif siden fan ûnderweis nei de foardoar (1) dat yn Alternatyf 1971-4 te finen is. De titel dy't der boppe stie, De spegels fan Tsjirkje, is trochhelle mei deselde pinne dêr't ek ferbetteringen yn 'e tekst mei oanbrocht binne. Fan de earste oardel side bestiet ek noch in âldere ferzje mei oare ferbetteringen. Op in pear plakken haw ik dy tekst foar kar nôm.
Mooglik hat de skriuwer dit typoskript by de tariedingen fan de nije opset fan It hûs oer de kop sjoen en hat it dêrom by ús wurkoerlis net oan 'e oarder west. It is hjir hielendal opnaam.
Fan de oerbliuwende trije siden fan deselde Alternatyf-ôflevering haw ik inkeld de slot-allinea brûkt. Al it oare oer de master like my minder ta de saak. Ek dêryn figurearret Tije Flytflaat, dy't as 'ferneamd streuper en fjochtersbaas' al bekend wie út Moai waar en lange dagen (side 46).
Onder nûmer 1.2.2 stiet in seleksje út de earste fjouwer siden fan ûnderweis nei de foardoar (2) út Alternatyf 1972-1. Ek dit binne fragminten dy't wat tafoegje oan de skiednis fan it hûs en syn bewenners. Al it oare út dizze Alternatyf-ôflevering is troch de skriuwer trochskrast of ferarbeide yn oare dielen (1.0 en 1.1).
Foar diel 1.3, dat eins Fjouwerjend onderweis nei de foardoar hjitte moast, koe ik wer gebrûk meitsje fan in nij typoskript mei in soad trochhellings en oanpassings.
Eardere ferzjes fan de ferskillende stikjes (strofen) binne werom te finen yn Alternatyf 1972-2.
Oan Jan Wybenga syn fersyk om der nei eigen ynsjoch mar fjouwerrigels fan te meitsjen haw ik net foldien, dat sadwaande is de titel gewoan Onderweis nei de foardoar wurden.
Foar it lange diel 1.4 ha kopyen fan it hûs ien: foarwurk út Alternatyf 1972-3 en 1972-5 mei ferbetterings troch de auteur de basis foarme. Wêr't dat noadich wie haw ik rigels oerbrocht yn 'e notiid.
De lêste allinea oer Oolde Haans yn De Ni-je Weme komt út in nij typoskript mei in protte min te lêzen oanfollings dat ek it folsleine diel 1.5 Petear mei Oolde Haans befettet. Dit petear is, ôfsjoen fan de Fryske ferbinende teksten, optekene yn in Stellingwerver taalvariant, dus 'ae' moat útsprutsen wurde as 'ê', en 'ao' as 'â'. Jan Wybenga hat yn syn bondel Easterstreek (side 12) in twatalige ballade oan de âld-timmerman wijd.
Ek diel 1.6 hie neffens Jan Wybenga noch hielendal op 'e nij skreaun wurde moatten. Yn Alternatyf 1973-1 mei it hûs ien: foarwurk (trije), fynt men lykwols in beskriuwing fan de twade moeting mei Afaia dêr't dit diel neffens de gearfetting fan de skriuwer mei begjinne moast. Dy beskriuwing is hjir opnaam, mar dêrmei is diel 1.6 noch net folslein, fansels.
Foar diel 1.7 hat in kopy fan (fjouwerjend) ûnderweis nei de foardoar (3) út Alternatyf 1972-2 mei ferbetterings troch de auteur de basis foarme.
Opnaam binne hjir allinne de stikjes dy't onder de titel Petearen mei in urnbewenner passe en net al oars brûkt binne.
Ta beslút, foar de sneupers: argyfondersyk troch Jurjen Bakker fan Wolvegea hat útwiisd dat fan de figuranten út It hûs allinne 'de feearts' wis ek yn 't echt wenne hat yn wat hjoeddedei Easterstreek 123 is. Gjin spoar fan 'de Bataaf' en Pyt Idsardy. Ek net fan 'de rêstende hoer 't Hondtien', want it hûs waard om 1910 hinne (as nûmer 234 Wijk A) set foar keapman Andries Brantsma. Letter wenne der in keapman Sytze Johannes Greidanus yn, dêrnei feedokter Andries de Boer, en fan 1926 ôf skoalmaster Steven van Loon. Yn 1938 kamen Wilt Post en Trijntje Beun (de lettere skoanâlden fan Jan Wybenga) der mei de bern te wenjen.
En 'de grutte master' dan? Neffens Jan Wybenga yn Hjir 1992-4/5 (side 29) wie net Steven van Loon, mar master Roders it haad fan 'e doarpsskoalle fan Noardwâld dêr't er yn 'e heechste klassen sa'n protte fan leard hat.
By haadstik 2
De spegels fan Tsjirkje (episoade 18 july 1937), is basearre op de stikken dy't onder de titel It hûs (twa: brief út de foarkeamer) publisearre waarden yn Alternatyf 1973-1, 1973-2 (fuortsetting), 1973-3/4 (twade fuortsetting), 1973-6 (tredde fuortsetting) en 1974-3/4 (fjirde fuortsetting).
De earste beide ôfleveringen yn Alternatyf, en de earste oardel en de fjirde side fan de tredde ôflevering mei monologen fan Pyt en Peppeling (in figuer dêr't de Easterwâldster kranteman en stientsjesiker H.J. Popping model foar stie), waarden letter omwurke yn in nij typoskript.
Ut alle oantekens dy't dêr mei de jierren oan tafoege binne docht bliken dat ek dat noch net de definitive tekst wie. Sa is bygelyks in nije ferzje fan Pyt syn teory oer it bûgjen fan de beammen oer de dyk trochskrast sonder dat alternativen en oergongen oanjûn wurde. Ek omdat dit stik net botte funksjoneel liket te wêzen yn it gehiel, is it weilitten. In priuwke: 'De beammen oan de Fryske diken steane noch krom fan it bûgen foar de hearen.' Wol opnaam is hjir in koarte mar nijsgjirrige tekst dy't de skriuwer neffens in foar my ynearsten onbegripelike oantekening yn de marzje fan side 4 fan it typoskript ('4a Mei tinne oalyferve') de ik-persoan noch tinke of sizze litte woe. Tusken de papieren fûn ik in typte allinea yn de âlde stavering dy't sa begjint en mei potlead nûmere is as 4a.
In noch nijere ferzje fan de earste side krige as titel It lêst fan 'e dagen mei en is mei de hân foar in part omset yn 'e notiid. Omdat alle oare boarnen foar dit haadstik yn de doetiid steane en in folsleine omsetting yn 'e notiid in protte feroarings yn 'e tekst fereaskje soe (net allinne fan de tiidwurden), haw ik alles mar yn de doetiid litten.
Fan it oare ha kopyen fan de Alternatyf-ôfleveringen de basis foarme. Yn it earste part dêrfan binne mei de hân noch tal fan ferbetterings oanbrocht, de lêste beide lykje amper op 'e nij besjoen te wêzen.
Op fersyk fan de auteur binne alle stikjes rjochte oan syn alter ego, de honorabele Yab Eng Wajn, der út skreaun.
Jan Wybenga: 'Tsjirkje stiet foar Circe, de frou dêr't Odysseus by telâne kaam. Ik tink dat it hast helendal klear is. It is in soarte fan kollaazje. Allinne it slot moat noch skreaun wurde. Pyt en hy krije spul en ferdwine yn it tsjuster. Dat is de ein fan it ferhaal.'
It eigenaardige is no dat sa'n gong fan saken al beskreaun is yn de lêst publisearre ôflevering: tsjin 'e jûn, as Pyt en hy oerfallen binne troch in swiere tongerbui en beskûl fûn ha yn in smoarch âld hok, reitsje se slaande deilis. As hy nei in foltreffer wer ta himsels komt, is Pyt ferdwûn en moat er syn eigen paad yn it tsjuster sjen te finen. Mar dat is noch lang net de ein fan it ferhaal. Hy komt úteinlik yn in tsjerkje telâne en onder de preek dy't er dêr oanheart, sjocht er Tsjirkje wer, it frommis dat er earder yn de jachtweide fan De Hubbeling seach. De oankundige mar noait ferskynde seisde en lêste ôflevering soe dan noch folgje moatte.
In kladsje mei it opskrift 'Slot fan De spegels fan Tsjirkje' jout ek in gâns oare lêzing: 'Oan de stamtafel sjocht er nei Tsjirkje. De skilder Skuilenburch seit dat se ryk is. De fint dy't by har sit is in freon fan Diana. Diana giet mei Pyt mei en ferliest it. Se is lulk. Hy sjocht wat foar in pyst se is. Hy rydt mei Tsjirkje yn 'e auto nei har hûs. Dêr sjocht er nei har en himsels yn 'e spegel. Tsjirkje bringt him: jûnlânskip. Hy hat gjin ferlet fan Pyt of Diana, hy rêdt him sels wol. As er weromkomt by Pyt docht dy krekt oft der neat te rêden wie. Pyt giet ommers nei Ingelân, hy hat by de famkes T. west. Diana stelt neat foar - foar in yntellektueel.'
De rigel dy't it ferhaal beslute moast, is nei alle gedachten in antwurd op in fraach fan Pyt nei wat er by Tsjirkje útheefd hat: '-Och, einliks neat. Se hat it hûs fol spegels.'
No is it fansels ek mooglik dat Jan Wybenga him yn ús registrearre petear wat de ein fan it ferhaal oangiet fersinde, trochdat er it oersjoch net rjocht mear hie. Moannen fan sykte hienen har spoaren neilitten, en it wie te fernimmen dat it skerpste der by him wat ôf wie.
By haadstik 3
De grûntekst foar De stjer fan Utah (episoade simmer 1935), stiet op in stealtsje trochslaggen mei de titel De magy fan grutte Martsen. Nei trettsjin foltypte siden hâldt it ferhaal yn de ik-foarm samar op. Fan it oarspronklike typoskript binne siden ferknipt en brûkt om feroarings yn oan te bringen.
Fan it begjin fan it ferhaal binne noch twa lettere ferzjes yn de hy-foarm. De earste is yn 'e doetiid en draacht boppe De stjer fan Utah noch in âlde boektitel, Ofskie fan Apollo, dy't troch de auteur trochstreke is en foarsjoen fan in fermanning oan syn eigen adres: 'Gedichten skriuwe! Silst wol wizer wêze! Sels do!'
De meast resinte ferzje fan it begjin is skreaun yn 'e notiid, noch koarter om 'e hoeke en nûmere mei in ien.
Ik ha úteinlik keazen foar de hy-foarm út de beide lêste ferzjes en de doetiid dêr't alles útsein de aldernijste ferzje yn steld is.
Fan it ontbrekkende slot binne inkeld wat losse oantekens bewarre bleaun. Jan Wybenga: 'It lêste stik is fuortrekke. Ik wit net wêr't it bedarre is. Dêryn giet er mei Martsen nei har beppe, en dan giet Martsen nei Amearika. Sa'n trije, fjouwer siden, dy moatte op 'e nij skreaun wurde. It kin miskyn ek wol mei ien side ta. As der mar in abrupt mar akseptabel slot oan komt.'
Oer dat abrubte slot kin net folle misbegryp wêze as men de oantekens fan de skriuwer der op neisjocht. Twa kear kin men lêze hoe't Martsen it útmeitsje sil: '-Ik ha 't sa drok, ik kin dy der gewoan net mear by ha.'
Ut oantekens foar it ontbrekkende part fan it petear mei Martsen har beppe docht bliken dat se kofje mei geitemolke drinke en oer âlde en nije tiden prate.
Ien rigel fan dy oantekens bringt jin it lêste part fan it haadstik Slim efterhâldend en sleau yn it oare proazaboek Moai waar en lange dagen yn it sin: 'Heit wie in aardige man, mar slim eigenwiis, en 't is him by de hannen om't ôf brutsen.'
Yn in oare útspraak fan de beppe is de administrateur en dialektman Hâns Daalhuzen út De spegels fan Tsjirkje te werkennen: '-Jimme heit hat hjir ris west mei dy Haans D., de earmmaster. Dy tekene elk wurd op dat ik sei.' Deselde Haans D. of Haans Liger komt yn Moai waar en lange dagen (side 37 en fierder) wiidweidich oan 'e oarder. Yn oantekeningen fynt men ek de namme Haans Das.
De titel De stjer fan Utah soe slaan kinne op in part fan de flage dy't op Martsen har bêd leit. Yn âlde oantekeningen mei it opskrift Ballade fan greate M. fynt men fan dat oangeande: 'Se gyng neist him lizzen. Hy wie yn in mum út 'e klean. Op de Amerikaanske flage. M. is ien momint waarm en willich. De stjer fan Californië.'
Dit haadstik hat in lange foarskiednis. Oarspronkelik hiene ek noch hiel oare stikken der diel fan útmeitsje sild. Sa binne der ek noch typoskripten fan in kolleezje teesetten troch de reuzinne (Martsen har suster), in Nederlânstalige, filmskript-achtige beskriuwing fan In interview (mei de reuzinne) dat útrint op in wylde frijpartij, en oantekens foar stikken oer Martsen har freondinne Joke, en foar in SF-achtich ferhaal oer grutte skippen dy't onder kommando fan reuzinnen steane.
In petear mei Jochem Reinsbergen - ek bekend út it haadstik It hûs en it boek Moai waar en lange dagen (side 40 en fierder) - hie ynearsten it gehiel ôflute sild.
By wat der net is
Lykas yn 'e ynlieding al sein, hie dit boek yn earste opset einigje sild mei in oar titelferhaal. Yn âlde skema's fynt men (ek as boektitels) Ofskie fan Apollo en Yn it lêst fan de dagen (episoade 1982-1991). Jan Wybenga hjiroer: 'Ik wit net hoe't it komt, mar ta beslút soe ik noch graach in ferhaal skriuwe wolle oer in heel nuver frommis, dat yn in doarp as de Berkeap wennet en kommintaar op de dingen dêr jout. Dat soe dan wurde moatte: De dei wol in jûn ha.'
Yn âlde oantekens fynt men ek plannen foar oare ferhalen dy't, foar safier't ik dat neigean kin, der net (mear) binne, bygelyks De linige fingers fan Juffer Andelei (of Bydelei, of Postma, episoade 1929), De reis nei Piter Findelier (1936), In dwerse skerpskutter (tsjinsttiid 1938) en Venus oan de Tynje (1946).
By oar neilitten wurk
De Cotton fan de Amerikaan (episoade augustus 1937)
Jan Wybenga op de 19e maaie 1994: 'Dan ha'k noch in heel mooi ferhaal, De Cotton fan de Amerikaan, mar dêr bin mar in pear siden fan oer. Ik hie it skreaun, mar it stie my net oan. Doe bin 'k op 'e nij begûn en der wer yn hingjen bleaun. Twa jonges sette op in âlde bûthússolder in moter yn mekoar, in Cotton. De haadfiguer komt oarspronklik út Amearika en hat sa'n pak oan mei fan dy wide broeksboksen, dy hiene se doe in soad, smel om 'e mul, en grutte revers. Oan 'e ein rydt er him dea.'
It bewarre bleaune fragmint is opnôm, omdat it moai oanslút op it earste part fan De stjer fan Utah. Beide stikken referearje oan it wurk fan haadpersoan Jean yn de garaazje fan 'de majoar' Theo Meiers, ek bekend út Moai waar en lange dagen (side 67 en fierder), en wurde yn in âlde opset foar It hûs tegearre as ien haadstik opfierd.
De hjir publisearre tekst is opboud út in ferbettere earste side en de twade side fan in âldere ferzje dy't oergiet yn de lêste pear rigels fan in noch âldere ferzje. Omdat it stik dêr healwei de side einiget mei wat hânskreaune oantekens en alternativen foar de titel (lykas Cotton blues en It lijen mei de Cotton), kin men jin ôffreegje oft it troch Jan Wybenga oantsjutte folsleine ferhaal der oait wol west hat.
Itensscène
Dit is nei alle gedachten de earste, of yn alle gefallen ien fan de earste frysktalige sketsen is dy't Jan Wybenga oan it papier tabetroude.
De 'ik' yn it ferhaal is in dochter, mar fierders sitte der autobiografyske eleminten yn dy't ek yn letter wurk te finen binne, lykas it sa meager as in latte wêzen fan de haadpersoan.
Utgeande fan dy autobiografyske ynslach liket it my yn de simmer fan 1939 skreaun te wêzen doe't de skriuwer noch by syn heit en mem yn Wolvegea wenne en yn Lisse ('in pear oeren yn 'e trein') onder de wapens wie.
CCCXXXVI
Dit is it alderlêste fers dat Jan Wybenga makke foar publikaasje, yn 'e maitiid fan 1994. Hy koe it wer net litte. Eins hie er mei De foksejacht (1989) syn oeuvre as dichter al ôfslute wollen, want op side 55 fan dy bondel kin men lêze: 'Ik wol net stjerre, seit er selsfoldien, / ear't ik dit lêste fers synjeard ha.'
Mar yn de hjerst fan 1992 krige er wer de geast en kôm er op 'e lappen mei 'de nûmers 312-335 fan Jan Wybenga syn bydrage oan de Fryske poëzij'. Dat resultearre yn de bondel Grien en koaningsblau (1993). Neffens eigen sizzen yn de mei 'T.A.B.' (tabee) ondertekene flaptekst, wie dat syn 'nijsgjirrich ôfskie fan de Fryske dichtkeunst'.
It 336ste en lêste fers ferskynde earder as aparte útjefte onder de titel CCCXXXVI mei in Hollânske oersetting horse commerce as nijjiersgeskink fan De Oare útjouwerij by it begjin fan 1995.
Dat dit fers de neier kommende dea beskriuwt liket my sa klear as de dei. Nijsgjirrich is de oantekening op it earste typoskript:
De muorre fan it wite bankgebou
dat moarn fersinkt yn it ferline
dat al yn it skaad leit fan de nije
apparteminten dy't op 'e tekentafel
noch dreame fan de takomst.
It is my net dúdlik oft dit it idee is dêr't fers CCCXXXVI út ontstien is ('Oarsom koe ek') of dat der noch mear op kommende wei wie.
Miskyn moatte de echte literatuerwittenskippers en skriftkundigen der marris oer gear.
Goaitsen van der Vliet