De Oare  útjouwerij

Eppie Dam, Neigeraden it noarden (Gedichten), De Oare útjouwerij, Eanske 2004


Publieksprijs: 12 euro 50 (gebonden)

Bestellingen
Particulieren binnen Nederland kunnen bestellen door overmaking van 12 euro 50 per exemplaar (plus eventueel een vrijwille bijdrage in de verzendkosten) op giro 4611391 van De Oare útjouwerij in Enschede met vermelding van adres en NIN. De bestelling komt dan in de bus.
Zie verder onze algemene leveringsvoorwaarden.
 


Skreaun en útjûn mei stipe fan it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds.

ISBN 90 71610 61 6

Foarmjouwing: Gerhard van Dragt
Skilderij foarop: Jan Altink, Koopvrouw op landweg  
Skutblędfoto's: kolleksje R. Nouta, Dokkum

© 2004  Eppie Dam, Balk
De rjochten op de ôfbylde skilderijen beręste by it Stedelijk Museum yn Amsterdam (Hendrik Werkman, Dorpsstraat te Leens), it Groninger Museum yn Grins (Jan Altink, Koopvrouw op landweg) en de Stichting Johan Dijkstra yn Haren (Johan Dijkstra, Paarse paarden).

Neat út dizze útjefte mei oernaam wurde sűnder skriftlik goedfinen yn ’t foar fan de útjouwer (dou@home.nl)


Oer de bondel

Twa kear deis fytsten de slykgravers swijend oer de betonwei. Yn 1953 berne oan de igge fan de eardere Lauwerssee, koe Eppie Dam fan slyk de rook en de kleur. Slyk siet him yn ’t bloed: griis bloed. Guon fan syn foarâlden slieten har libbensdagen noch noardliker oan Fryslâns kusten dęr’t it lân de tucht / fan klaai omearket, / in grize floed it minskehert / ferpolvert en beazemt, / it waad fan berte en dea / de blauwe siken wazemt.

It noarden fan it noarden wie yn ’e jierren fyftich en sechstich in kâlde en ienkennige wrâld. Eppie Dam fielde him op ’e romte bleatlizzen oan huver en priisjűn oan it grutte sigen. Dęrmei ferwiist er direkt nei it doedestiids űntbrek­ken fan beam­men yn syn berteplak De Pomp, mar yn bredere sin nei de kjeld en de neakenens fan in tiid sűnder freugde en ferbylding. 
Him ôfsette tsjin it kristlik leauwe dęr’t er yn grutbrocht is, docht Dam net. Namste sterker klinkt de ôfwizing fan dat leauwe as yndoktrineur fan benypt fatsoen. Mei syn swier bedykjen fan de geast lei it in domper oer de dagen.

Ienkennich wie de wrâld, ienriedich en ienkleurich. Yn dizze bondel besiket in dichter de grize swart-wyt foto fan syn ferline achternei noch yn te kleurjen mei it dynamysker each fan hjoed. Net om ’e nocht skreau er trije fersen by wurk fan skilders fan De Ploeg, de keunstrjochting dy’t yn ’e jierren tweintich besocht om it noarden de gloede te jaan dy’t it fan natuere yn him hat. Navrant is dan dat it skilderij Koopvrouw op landweg fan Jan Altink him it meast nei liket te węzen. Dęr hat it gesicht fan de frou deselde kleur as dy fan de greiden om har hinne. Hoe’t in minske troch syn kontekst tekene wurde kin.

Ek yn earder dichtwurk hat Eppie Dam oer syn ferline gear west. De bondel De Pomp (De Oare útjouwerij, Eanske 1988) – skreaun yn it Pompster dialekt – wie fierhinne anekdoatys, al lies de goede fersteander tusken de rigels doe al mear. Yn Neigeraden it noarden slacht de dichter skriniger toanen oan, wat him tagelyk utert yn in ekspressiver en persoanliker idioom. Hjir lit Dam in oar en fierderdragend lűd hearre. In lűd dat út syn aard wei hast noch bitter is, mar dęrom net minder hertstochtlik siket om in foarm fan myldens.

Oar wurk fan Eppie Dam by De Oare útjouwerij:

Te lange lęsten, fersen by skilderijen fan Henk Pietersma (1986)
De Pomp, fersen yn de taal fan Kollumerpomp (1988)
De sachte tufkes fan dyn Lister, fersen ta de neitins fan syn heit (1992)
It burd fan Fidel Castro, ferhalen (1995)


Achterkanttekst vertaald

Het noorden van het noorden was een eenkennige wereld. Geboren in 1953 in Kollumerpomp, aan de vroegere Lauwerszee, kende Eppie Dam van slik de geur en de kleur. Het grijs zat in zijn bloed. Als kind voelde hij zich op de vlakte blootgesteld aan huiver en ‘overgeleverd aan het grote tochten’. Zo verwijst de dichter niet alleen naar het gemis aan bomen in zijn geboorteplaats, maar ook naar de kou en de naaktheid van een tijd zonder vreugde en verbeelding.

In deze bundel probeert Eppie Dam de grijze zwart-wit foto van zijn verleden in te kleueren met het alzijdiger oog van vandaag. Niet voor niets schreef hij drie gedichten bij werk van schilders van De Ploeg, de kunstrichting die het noorden gloed wilde geven die het van nature in zich had. Toch lijkt Altinks Koopvrouw op landweg hem het meest na te zijn: het gezicht van de vrouw heeft de kleur aangenomen van de weilanden om haar heen.

Eppie Dam dichte eerder ook al over zijn verleden. De Pomp (1988) was ten naaste bij anekdotisch en vrij licht van toon. In Naarmate het noorden, zijn twaalfde bundel, slaat de dichter zwaarder accoorden aan, in een expressiever en persoonlijker idioom. Dam laat hier, bijna hartstochtelijk zoeken om woorden tegen verbittering, een prachtig nieuw en ‘verderdragende stem’ horen.


Ynhâld

I  IT GLEONE KNYPEACH FAN DE GRUNDIG

kinst dyn hűs ôfbrekke
Strofen ta herskepping fan ferline
Skaal juster op hjoed
Beammen oan de Foijingawei
Wâl en skip
Wat blauwers
Korreksjes op in âld waarberjocht

II  FAN STREAM EN SINK DE TRAGE SKEPPING

Wy ha de bűter preaun fan bűterblommen
Slyklaach
Eachweidzjend oer it waad
Steltrinner
De altyd blinkende batsen
Noarderljocht
Nacht fan de baltende balgen
Klaaisang mei twa wizen
Oan de lânmjitters
Myn lân

III  OAN IT FUOTTENEIN FAN DE OERSKREAU

yn it wynskaad
Delta
Neigeraden it noarden
Dyn laitsjen
Masker
Hân fan de skilder
It paad te gean
Hűs fan ljocht
En de wyn gűlt Greetje
Do tusken de raven
De flecht fan de postdo
Klinkers 

IV  HJOED LITTE FAN DE NACHT DE WYNSELS LOS

Wat oait de tiid oan drôch bedokuminte
Swellen, twa űlen
Broei
Bea fan de lege hals
Yn ’e neidagen fan Agűr
Inket út blaumodder
Peaskemoandei
Risus Paschalis
Syn duldsum rypjen
Ut koalsie, krűd en koper
Reuny
 

OANTEKENINGEN

FERANTWURDING

 

Nacht fan de baltende balgen

Net elke fűgel hie it lűd en bylje 
wat it hert beëange, net elke fearren hals 
in pűster swier genôch om lucht te jaan 
oan it ferswijde tsjuster fan de poele. 

Dęr’t yn it delgean fan de jűn 
de farkeleinen tuften, in reid­hin 
pufkes út syn koperen toeter blaasde 
en op har eilân fan űnwittend­heid 
de swan it gouden aai út­brette, 

rôp de reiddomp damp en dize om –  hoe 
heger de hűch nei de himel, hoe 
djipper de sműch fan it űnlân om dea.


Nacht van de loeiende longen (vert. Goaitsen van der Vliet)

Niet elke vogel had de stem om uit te krijsen
wat het hart benauwde, niet elke veren hals
een blaasbalg sterk genoeg om lucht te geven
aan het verzwegen duister van de poel.

Waar bij het vallen van de avond
de rondvaarteenden tuften, een waterhoentje
pufjes uit zijn koperen toeter blies
en op haar eiland van onwetendheid
de zwaan het gouden ei uitbroedde,

riep de roerdomp nacht en nevel om -  hoe
hoger de huig naar de hemel, hoe
dieper de zucht van het onland om dood.

 

 



De altyd blinkende batsen

Twa kear deis oer wegen fan wurgens 
mealde it slykfolk, oan ’e hals ta 
yn learzens, lykmoedich de trapers: 
earms op it stjoer, hannen gear 
yn gebed mei de ivige 
wyn – oan gjin sucht te fernimmen 
oft de dei foar of achter har lei.

Twa kear deis, oan it illestyk
fan de breatromp, passearden 
mei stielen gesichten de fytsen, 
it ględgroeven ark by de stange lâns bűn: 
de batsen, de altyd blinkende batsen – 
dęr’t him, al nei it waar, no ris in bui 
en dan wer de sinne yn spegele.

Egaal is plicht syn pedaalslach,
foldien noch opstannich de műle 
dy’t yn modder gjin brea, 
yn brea gjin modder mear priuwt.

Folk sűnder kjeld, sűnder fjoer,
it praat as in peuk op ’e lippen 
dôve, it taaiste gom fan de dagen 
fan it iene wang nei it oare ta kôgjend, 
sűnder noch te witten wat yn en út klaai 
de tinzen bedobben en bedjippen.
 


De altijd blinkende batsen (vert. Goaitsen van der Vliet)

Tweemaal daags over wegen van moeheid
maalde het slikvolk, tot aan hun nek 
in laarzen, lijdzaam de trappers: 
armen op het stuur, handen gevouwen 
in gebed met de eeuwige 
wind – aan geen zucht te bespeuren 
of de dag nog voor of achter hen lag.

Tweemaal daags, aan het elastiek
van de broodtrommel, passeerden 
met stalen gezichten de fietsen, 
het gladgegraven gereedschap langs de stang: 
de batsen, de altijd blinkende batsen –  
waar zich, naargelang het weer, nu eens een bui 
en dan weer de zon in spiegelde.

Egaal is de pedaalslag van de plicht,
voldaan noch opstandig de mond
die in modder geen brood, 
in brood geen modder meer proeft.

Volk zonder kou, zonder vuur,
hun praat als een peuk op de lippen 
gedoofd, het taaiste gom van de dagen 
van de ene wang naar de andere kauwend, 
zonder te weten wat in en uit klei 
de gedachten bedolven en doorgrondden.

Oantekeningen

By It gleone knypeach fan de Grundig  

It wie yn ’e jierren sechstich dat beppe waskfrou Miele yn tsjinst naam en Hare Majesteit de noardlikste iggen fan har keninkryk opsocht. It wie de tiid dat manlju Dushkind of Northstate smookten, wylst yn ’e measte keamers noch de koalekachel brânde. Op ’e klepkast lei de swarte bibel foar it gripen neist de radio. It ljochtgriene each fan de Grundig gie iepen en ticht, al neidat it tastel flauwer en skerper ôfsteld waard troch fingergűcheljen mei it frekwinsjetsjil.

De klassikale provinsjekaarten fan Bakker en Rusch wiene learsum en nijsgjirrich fanwege it keppeljen fan topografy oan grűngebrűk, fabryksarbeid en pleatslike folkloare. Mei syn fassinearjende ikoantsjes, rűnom oer stęd en lân ferspraat, wie elke kaart syn eigen leginda. Noch foar it ôfsluten fan de Lauwerssee yn 1969 markearden pinnestreken, troch in űnderwizershân oer it effen blau lutsen, alfęst de nijste lânoanwinning. Sa is FRIESLAND fan Bakker, Rusch & Master noch op mannich skoalsouder te finen. Soms meitsje fingers dęr de griene fiterstrikjes los en űntrôlje it ferline.       

In printkaart út 1925 lit sjen dat oan de noardkant fan de Foijingaweg – yn dy tiid de iennige strjitte fan De Pomp – in rige ipen stien hat. Yn ’e lęste jierren fan de Twadde Wrâldoarloch, doe’t der brek oan brânstof wie, binne de measte beammen kappe. It oare part is letter kapotgien oan de ypsykte. In heale ieu lang wie De Pomp hol en lei it doarp mei syn neakene lintbebouwing bleat foar de wyn.

De útbuorren Kollumer Aldsyl leit like fier fan Kollum as fan De Pomp. Eppie Dam hat der fan 1959 oan 1969 ta wenne. Hy gie op ’e Pomp nei skoalle en yn Kollum nei tsjerke.  

Yn Wat blauwers referearret Bokkige Duvel oan de warskôging dy’t de âlderein geregeld hearre liet as bern langer as ien tel foar de spegel stiene: ‘Net foar dy spegel, aansent komt der in bokkepoat út!’ De Reade See giet werom op de trochtocht fan it folk Israel troch de Reidsee, dęr’t de ruterij fan farao jammerdearlik by fersűpte. Wat Mozes syn suster Mirjam der net fan wjerhold en sjong mei tromme en raaidűns in yslik refrein (Exodus 15:21): ‘Sjong de Heare, want Hy is heech ferheven. It hynder en syn ruter smiet Er yn ’e see.’

By Fan stream en sink de trage skepping

Eachweidzjend oer it waad seach men de kespelders: pealtsjes dy’t yn ’e grűn slein waarden om it oanslibjen te befoarderjen.

De slykgravers fytsten twa kear deis troch De Pomp. Oer it doel en de aard fan har wurk skriuwt R. Nouta yn Dijken en Zeedijksters (Banda, Kollum 2002): ‘De voornaamste werkzaamheden waren het in handkracht graven of hergraven van lengte- en dwarsgreppels en hoofduitwateringen, alsmede het plaatsen van rijshoutdammen. Het doel van deze werkzaamheden was landaanwinning. (…) Uit de aard der zaak moesten de werken in de landaanwinningsvakken, ook wel bezinkvelden genoemd, tijdens laag water worden uitge­voerd. (…) Voor de werknemers vormden de buitendijkse slikvelden een moeilijk begaanbaar gebied. Alleen al de voortbeweging op lange lieslaarzen vereiste veel lichamelijke inspanning, laat staan het zware en in akkoord uitgevoerde landaanwinningswerk. Verder was men, omdat er geen beschutting was (in getijdegebieden waren geen schaftketen en geen toiletgelegenheden) steeds blootgesteld aan weer en wind. Het vergde dan ook in dit zachte, slappe en doorweekte terrein en in het harde klimaat een gezond gestel. Niet alleen veel Pompsters, maar ook velen uit de wijde omgeving hebben dit aan den lijve ondervonden.’

De Nacht fan de baltende balgen foel oer Kollumer Aldsyl as it lűd fan de reiddomp opklonk út  ’e lytse sompe, by Aldsylsters bekend as De Poele. Oer it balten fan de reiddomp – ek wol ‘marbolle’ neamd – skriuwt E. Thomas Gilliard yn De wereld der dieren – Vogels (W. Gaade, Den Haag 1959): ‘Als dit onmuzikale liefdeslied in het voorjaar uit de poelen en moerassen opklinkt, hoort men een geheimzinnig, galmend, bonzend geluid, dat wel verge­leken is met het geluid van pompen en dan weer het inslaan van palen. Zijn gewone roep is een rauw ‘aark’, maar in de paartijd laat het mannetje grommende tonen horen, gevolgd door een duidelijk hoorbare inademing, waarop weer onmiddellijk een diep ‘woemp’ volgt.’ Dat dúdlik te hearren sykheljen stiet de dichter as in fierdragend en heimsinich ‘hoe-hoe’ foar de geast. Yn Het nieuwe vogelboek (Zomer & Keuning, Wageningen, jier űnbekend) karakterisearret F.M. Engel de reiddomp as ‘een a-sociale vogel, die een over­wegend nachtelijk bestaan leidt.’

Foar Klaaisang mei twa wizen stiene model de Fryske evergreens Wâldsang en Simmer­moarn, fan respektivelik Harmen Sytstra en Waling Dykstra. Beide lieten binne wer opnom­men yn de tsiende, fernijde printinge fan Fryslân Sjongt (Afűk, Ljouwert 1996).

By Oan it fuottenein fan de oerskreau

Johan Dijkstra (1896-1978) hearde ta de Grinslanner keunstners dy’t yn 1918 De Ploeg op­rjochten en de provinsjegrinzen iepen ha woene foar moderne rjochtingen. Tegearre mei Jan Altink soe hy by útstek de portrettist fan it noardlik lânskip wurde. Oer Paarse paarden (waaksferve op doek, 70.5 by 90 sm) skriuwt Han Steenbruggen yn De Ploeg, schilderijen van de aarde (Groninger Museum, Groningen 2002): ‘Dit werk vormt het hoogtepunt van Dijkstra’s op Kirchner geďnspireerde landschapskunst. (…) Ferme penseelarceringen verlenen het schilderij een dynamiek en vitaliteit die als vanzelf­sprekend aansluiten bij het onderwerp. Op de achtergrond is het silhouet van de stad gehuld in een gloedvol oranje, de kleur die bin­nen het schilderij alle andere kleuren in beweging zet en daarmee het beeld tot ontlading brengt. (…) Dit schilderij lijkt een bijna metaforische verbeelding van de expressionistische levensgeest die in de jaren twintig in Groningen heerste.’

It wurd liboaits sil net elkenien bekend węze. It tsjut op it nei bűten sakjen fan de liifmoer (baarmoeder) by in ko. 

Jan Altink (1885-1971) hearde mei Hendrik Werkman ta de âldere keunstners fan De Ploeg, dy’t er mei oprjochte hat. Oer trije skilderijen fan Altink, węrűnder Koopvrouw op landweg (waaksferve op doek, 70.5 by 58.5 sm), skriuwt Han Steenbruggen (sjoch hjirboppe): ‘Met minimale middelen wist hij in deze werken de vochtige Groninger kleilanden en atmosfeer te treffen. Menselijke figuren zijn tot gestalten teruggebracht en voegen zich op Cézan­neske wijze naar de algehele picturale structuur.’ Steenbruggen sitearret Altink as dy yn 1925 oer ljocht en kleur skriuwt: ‘De dingen hebben geen kleur. Alleen het licht heeft kleur. (…) Verder wordt de kleur bepaald door de omgeving en door de gemoedstoestand van de schilder.’

Hendrik Werkman (1882-1945) wie ien fan de wichtichste leden fan De Ploeg. Oer Werkman en syn wurk, dat letter ek wurdearring fűn bűten de lânsgrinzen, skreau de dichter Hendrik de Vries yn 1930: ‘Misschien heeft geen van allen zoo zuiver de oorspron­kelijke wijze bewaard, waarop de mensch teekent en schildert zoolang het hem niet wordt afgeleerd door het indres­seeren van bepaalde methoden.’ Oer Dorpsstraat te Leens (oaljeferve op doek, 69 by 119.5 sm) skreau Johan Dijkstra yn 1938: ‘Maar de meest verstokte moderne schildert, vanuit zijn herinnering, het ouderlijk huis. Een wit huis in een klein dorp. Een huis dat kijkt. – Damals, als meine Mutter noch sang –.’ Beide sitaten út: Ad Peters, De Ploeg, gegevens omtrent de Groningse schilderkunst in de jaren ’20 (BZZTôH, ’s-Gravenhage 1982).

En de wyn gűlt Greetje giet werom op in byld út 1970 of dęrby om: Greetje Bijma op ’e fyts út skoalle wei nei hűs, slingersjongend tusken Kollum en Westergeast.

By Hjoed litte fan de nacht de wynsels los

Yn Broei wurde bylden brűkt dy’t weromgeane op it ferskynsel heabroei, dat yn earder jierren wol pleatsen yn ’e jiske lein hat. Sa gau’t in skuorre fertocht rűkte, kaam de hearoerder mei syn harpoen om de heatemperatuer te mjitten. Soms moast de hiele golle leechhelle wurde, oare kearen woe it helpe en meitsje in gat yn it hea om brân te foarkommen.

De foarm fan Yn ’e neidagen fan Agűr is űntliend oan it bibelboek Spreuken. Haadstik 30 befettet de spreuken fan Agűr, de soan fan Jaké út Massa, in noardarabise folksstam. Yn ’e Fryske bibeloersetting fan 1978 waard boppe fers 15 it tuskenkopke ‘Fan Alűka’ pleatst. Alűka is troch de fertalers opfette as in eigennamme, mar it wurd kin – sa seit in ferklearjende fuot­noat – ek ‘bloedsűger’ betsjutte. De earste rigel fan Spreuken 30:15 soe dan węze: ‘De bloed­sűger hat twa dochters: jou op en jou mear!’

Risus Paschalis (westlik en eastlik fan ús oerset mei ‘Eastern Laugh’ en ‘Osterngelächter’) soe yn it Frysk safolle betsjutte as ‘Peaskelaitsjen’. Yn ’e let-midsieuske tsjerke wie it hjir en dęr wenst om yn ’e tsjinst fan twadde Peaskedei de leauwigen oan it laitsjen te meitsjen. De foargonger lies in puntich rym, fertelde in mop of in humoristys ferhaal, om sa de treuri­gens fan de passytiid te ferdriuwen en de oerwinning fan it libben op ’e dea te fieren. Somtiids waard it Peaskelaitsjen brűkt om op boartlike wize politike of tsjerklike saken te bekriti­searjen. Skriftuerlik waard wol ferwiisd nei De iepenbiering fan Johannes, węryn’t skreaun wurdt oer ‘it ôfwiskjen fan alle triennen’. En nei Psalm 126:5: ‘Dy’t mei triennen siedzje, sille mei jubel sichtsje.’ It gebrűk fan it Peaskelaitsjen is yn ’e 14e ieu űnt­stien en hat, neidat it yn ’e 17e ieu al yn it delgean rekke, úteinlik oan de midden fan de 19e ieu ta duorre. Yn 1853 bande in Regensburger Erlass (dekreet) alle ‘Fabeln, gereimte Dichtungen und Obskures’ foargoed út ’e preek.
It motto by dit fers komt út it wurk fan Plinius de Jongere (63-113), Romeins steatsman, advokaat en skriuwer. De lęste strofe is in oersetting fan it motto.

Ede Ulfert Staal waard yn 1941 berne yn Warffum. Hy groeide op yn Leens en spile as lytsjonge trompet by de doarpsfanfare. Ede Staal studearre medisinen oan de Rijksuniversiteit yn Grins. Letter stapte er oer nei de stúdzjerjochting Ingels, de taal dęr’t er as learaar syn berop fan makke. Ingels wie ek de taal dy’t er foar kar naam by it skriuwen fan syn earste songs. Yn 1974 makke er mei de single I’m in the blues syn offisjele debút as artyst. Pas yn 1981 skreau er syn earste liettekst yn it Grinslâns, Ik heur de blues. Staal koe him as tekstskriuwer ek ręde yn it Nederlâns, Frâns, Dúts, Deens en Eastfrysk. Likegoed giene de Grinslânse lieten dermei. Se waarden troch kenners omskreaun as ‘stuk voor stuk juweeltjes van Groninger woordkunst’. Ede Staal, ek wol ‘de Jacques Brel van het Noorden’ neamd, berikte in grut publyk. Syn cd’s mei Grinslânse lieten, dęr’t űndertusken mear as in miljoen fan ferkocht binne, wurde heech wurdearre oant oer de provinsje- en it lânsgrinzen hinne. Fan dat bűtenwenstich sukses hat de sjonger sels net mear witten. Hy mocht dan noch krekt meimeitsje dat hieltyd mear minsken wiis mei him en syn wurk wiene, de echte erkenning kaam nei syn dea. Op 4 oktober 1986 soe Ede Staal in priis yn űntfangst nimme fan de Stichting ’t Grunneger Bouk. Hy stoar op 22 july fan datselde jier.
‘Ede zat overal net naast,’ seit PvdA-politikus Flip Buurmeijer (dy’t mei Ede nei skoalle gien hat) yn in ynterview. ‘Hij was mager en klein tussen grote jongens, hij sprak niet goed Gronings en was een kind uit een gebroken gezin. Ede kon nergens bij horen en dat is altijd zo gebleven. Hij hoorde niet bij een dorp en verhuisde dertien keer naar een afgelegen boerderij. Hij kreeg een groot gezin, met zes zoons, maar trok zich vaak terug op zijn kamer. Ede bevond zich altijd tussen twee werelden; misschien heeft hij daardoor een snaar ontwikkeld voor verbindende schakels. Tussen volks en intellectueel, en tussen alle verschillende soorten Gronings.’ (HP/De Tijd, 8 augustus 2000)


Ferantwurding

In tal fersen yn dizze bondel hat earder publisearre west:

De measte fersen binne sűnt har earste publikaasje dingen oan feroare.  


Yn de media


Sjoch ek:

    

De Oare útjouwerij, post dou@home.nl
25-10-2007