|
De Oare útjouwerij |

Tine Bethlehem, Swietroken & koperblazers (Fersen 1995-1955 ),
De Oare útjouwerij,
Eanske 1995
Sa begjint Tine Bethlehem it titelfers fan dizze bondel, dy't in oersjoch jout fan in lytse fjirtich jier dichterskip en tagelyk in debuut ynhâldt.
Al sûnt 1958 publisearre hja ûnder de namme Tineke Bethlehem fersen yn it literêr tydskrift De Tsjerne. Dy fersen byldzje, neffens Klaas Dykstra yn syn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977) 'hiel simpel, mar tige eigen en subtyl iepentearende fielings fan leafde út' en hij foege dêr oan ta: 'Dat dimmen lûd fan biidzjend wachtsjen en fan teare ferheardens soe net yn 't ferjittersboek bedarje meie.'
Fan dat iere wurk is lykwols net folle werom te finen yn dizze bondel. It meastepart dêrfan mei no om de dichteresse sels wol fergetten bliuwe, want, ek al bleau de grûntoan fan har poëzij bewarre, thematyk en foaral styl ha har mei de jierren aardich ûntjûn.
Nei in perioade fan betreklike stilte yn de jierren sechtich en in Rely-Jorritsmapriis yn 1971 naam hja de tried fan de Fryske skriuwerij wer op, mar fierder as wat ynsidintele publikaasjes yn tydskriften en gelegenheidsútjeften kaam it oant no ta net. Oare saken giene foar.
Dit boek befettet in kar út de lytse twahûndert fersen dy't Tine Bethlehem sûnt 1955 oan it papier tabetroude. Fersen oer minsken en blommen yn de tún fan it libben. By dy kar stie de kwaliteit fan de op te nimmen teksten meast foarop, mar yn guon gefallen hat ek it eksemplarys wêzen foar in beskaat tiidrek der sines ta dien.
(Goaitsen van der Vliet )
Tine Bethlehem wurket noch altyd as free-lance dosint en kursuslieder (ûndermear foar skriuwkursussen) en wennet yn Ljouwert.
Foarmjouwing en fotografy: Goaitsen van der Vliet
Omslachtypografy: Gerhard van Dragt bNO
Copyright © 1995 Tine Bethlehem, Ljouwert
Neat út dizze útjefte mei oernaam wurde sûnder skriftlik goedfinen yn 't foar fan de útjouwer.
Garje roazen yn soarten oerdeis
swietroken en koperblazers yn 'e jûn
koel drinken en sinneskyn
ferpak dyn sliep yn moaie dreamen.
Bewarje yn de laadsjes fan 't ûnthâld
dit allegear.
En foar no:
skilje dy iene alderleafste leaf
en freegje oft er frije wol
no 't it libben licht is.
Ik dichtsje net foar de wolkens,
de grutte, de skippen.
Ik dichtsje foar de frou nextdoor
betiid yn 't spier
de popsinder op lûd
buffer tusken man en bern
mei hurde hannen
en in sêft moed
betrouber punt
as ik wurch thúskom.
Ik dichtsje net foar de wolkens
ik dichtsje foar de man en de frou
soms tichtebij, soms fier fuort.