Rockploech Spul, 1977-1982 en fierder

2005 Goaitsen van der Vliet, Enschede

Sjoch ek de Rockploech Spul sjongteksten.

Mear op dizze side:

  • Stikje skiednis
  • Op cd
  • Wurklist Brouwershoek (1981)
  • Deadbeat Oars net op Aaipop (1991)
  • Rockploech Spul revival as Fjoer (2004)
  • Rockploech Spul revival as Oar Spul (2005)

  • Rockploech Spul sn man sterk yn de Vestingbar yn Enschede op 9 desimber 1979 mei fan links nei rjochts: Koos Agricola (regelfeint), Loek Stolwijk (taheakke), Bauke Kuiper (bas), Reinder Wassenaar (slachreau), Goaitsen van der Vliet (sang en slachgitaar), Ren Doesburg (pielgitaar) en John Anemaet (farfisa oargel). Foto Sjoerd Tilkema?


    Skiednis
    Rockploech Spul ntstie begjin 1977 t de kabaretploech fan it Frysk Studinte­selskip yn Enschede. It trijemanskip fan e earste oere waard foarme troch Goaitsen van der Vliet (sang en slachgitaar), Bauke Kuiper (basgitaar) en Reinder Wassenaar (slachreau). Yn e rin fan de tiid kamen dr twa muzikale net-Friezen by: Ren Doesburg (pielgitaar) en John Anemaet (oargel en piano).

    Besteande rocknmers (.o. fan The Velvet Underground) waarden bewurke yn it Frysk en in fjouwertal teksten fan de skriuwer Reinder Rienk van der Leest, dyt doe noch yn Enskedee wenne, waard op muzyk set. Mar it grutste part fan it materiaal soe folslein eigen wurk wurde. Twa eigen komposysjes, Lytse wrotter en Wie't mar freed fiif oere, waard yn 1980 in singel fan makke en yn eigen behear utjn. Earder al ferskynde in boekje mei sjongteksten.

    Dat alles yn it Frysk dien waard, lei foar de hn, ek omdat dy taal him sa goed brke lit foar sjongteksten. Feitlik wie Rockploech Spul de earste frysktalige rockbend en drmei har tiid in ein foart. De tiid fan harren earste fskie (1981) wie de tiid fan opkomst fan groepen as Okke Hel (fan Piter Wilkens) en Skuor.

        

    Foto links: De alderearste kear yn 1977. Foto Margot Arends.
    Filmke rjochts: De alderlste kear yn 1993. Yn Jellum noch ien kear foltallich mei Wie 't mar freed fiif oere. Opname Hein van der Vliet

    De earste kear dat Rockploech Spul op e planken stie (doe noch goed foar in goed healoere) wie op 10 juny 1977 op de TH (no Universiteit) Twente yn Enschede. De fryske premire wie net earder as op 28 desimber fan dat jier op it Krystkongres fan fryske studinteselskippen yn Frjentsjer.

    Rockploech Spul hat noait thlde wollen technys perfekte muzyk te meitsjen, want dat wie tsoarte net it gefal. It wichtichste wie altyd it oerbringen fan de yntinsje fan muzyk en tekst (wy spylje jim de earen fan 'e holle). Dat de sjonger net altyd like sekuur wie en it ritmespantsje net altyd like strak, koe net foarkomme dat de muzikale ideen en mooglikheden yn e groep in tiidlang wnderwol byinoar oansluten. Yn de skeamele, t in fraachpetear fan de LC mei Piter Wilkens oername fuotnoat yn it boek Pop in Friesland (Bij Spul staat de Friese taal voorop, de muziek komt op de tweede plaats.) kenny wy s dus net werom.

    Rockploech Spul wie in echte cultbend. De muzyk sloech oan by in lytse, mar fanatike keppel fens, benammen t fryske studinte­fermiddens. In trochbraak nei in breed publyk siet der lykwols net yn. Dat slagge ek net mei it yn oktober 1980 ferskynde singeliere plaatsje Lytse wrotter/Wiet mar freed fiif oere. Radio Frysln, drt doedestiids in soad ferfeelsume combomuzyk op te hearren wie, woe der net rjocht oan. Drtroch hat it doe op de nasjonale radio faker te hearren west as op de fryske. Frysln wie der gewoan noch net oan ta, woenen wy ha.

    Regelfeint Koos Agricola mei de singel by de reuny op Aaipop.

    It begjin fan de ein wie it min of mear mislearjen fan har 28e, mar earste echt grutte optreedzjen, op de anti-kearnwapenmanifestaasje fan 11 april 1981 yn Ljouwert. Dr koe in tige slagge jn foar mear eigen publyk in wykmannich letter yn de Brouwershoek neat oan feroarje. 
    Op 12 juny 1981 hie Spul har offisjele (mar lykwols moaie) fskied yn It Brune Jaske yn Drachten. It hjitte dat Rockploech Spul soe yn revyzje en oan nij rippetwaar wurkje, mar it kaam der op del dat it fjoer der t rekke, en dat Goaitsen van der Vliet der yn maaie 1982 in punt achter sette.
     


    Ofskied yn It Brune Jaske, Drachten (12-6-1981). Rjochts de eardere Kabaret Spul-man Jouke Douma (1953-1985). Foto Jan Ottevanger?

    Fiif jier letter moasten de gitaren wer t it fet foar in Spul-reny op it earste Aaipop-festival op 20 april 1987 yn kafee Boanstra yn Nijln. 

       
    Links: Slachman Reinder Wassenaar (1956-1998) mei syn slachreau op 'e trein yn Enschede. Foto G.
    Rjochts: Rockploech Spul yn Jellum foar de lste kear foltallich mei Ik wachtsje op myn faam (4-9-1993)

    Rockploech Spul op cd
    Op Aaipop binne twa omtrint yntegrale opnames makke: ien mei in studiorecorder rjochtstreeks fan it mingpaniel troch it lokale radiostasjon fan Snits, en ien mei in cassetterecorder t de seal wei troch Hein van der Vliet. Beide ha wat foar: de earste fanwegen de ldskwaliteit, de twadde fanwegen de sfear en de bettere nderlinge ldferhldings.

    De cd Rockploech Spul - Singel & Swanesang (sealld) befettet neist de singel de sealopnames. Allinne de Ljouwerter ballade mist it lste kplet troch it folreitsjen fan de kassette. De cd Rockploech Spul - Swanesang (PA-ld) befettet de rjochtstreekse opnames. Allinne Kringspul, dat as ldtest fungearre, waard by fersin net opnaam.

    It lange Goddeleaze tiid koe troch tiidkrapte net mear spile wurde. Moarn is wer in nije dei wie in oanset ta in splinternij nmer, dat de foarige jns op 'e lste rippetysje yn Burgum foar it earst tbesocht wie. Swanesang (Ik moat hjir wei) wie in needgjalp t de neidagen fan Spul yn 1982, mar krige earst by dizze gelegenheid ymprovisearjendewei syn definitive foarm.

    Fjouwer stikken hjirfan (Lytse wrotter, Tiid, Wie't mar freed fiif oere en Ik moat hjir wei) binne op te heljen fan http://www.myspace.com/rockploechspul

    Rockploech Spul Singel & Swanesang (sealld)

    1. Lytse wrotter (studio)
    2. Wie't mar freed fiif oere (studio)
    3. Kringspul (oorspr. tekst Reinder van der Leest)
    4. Tiid
    5. Sneen (Velvet Underground: Sweet Jane)  
    6. Ljouwerter ballade (tekst Reinder van der Leest, snder lste kplet)  
    7. Hindrik (Wr hasto west)  
    8. Ik wachtsje op myn faam (The Velvet Underground: Im waiting for my man)  
    9. Wiet mar freed fiif oere  
    10. O famke (O Carol)  
    11. Fenus yn fers (The Velvet Underground: Venus in furs)  
    12. Lytse wrotter (tekst Jouke Douma en GvdV)  
    13. Moarn is wer in nije dei  
    14. Ik moat hjir wei (Swanesang)

    Alle muzyk, teksten en bewurkings binne fan Goaitsen van der Vliet, behalven wrt soks oars oanjoon is.

    Foar de echte lde fens en de sneupers is der noch in cd op kommende wei mei oar nijsgjirrich eigen materiaal, lykas dat fan 1980 yn de Brouwershoek. Ynformaasje: Goaitsen van der Vliet, t Sander 36, 7522 AM Enschede, 053-4359229, goaitsen@home.nl

     

    Rockploech Spul yn 1978 yn harren oefenromte Studio 049 yn de Vrijhof fan de TH Twente.
    Noch snder oargelspylder John Anemaet, mar mei (sittend) regelfeint Koos Agricola.(foto Tom Ploegmakers)

     



    Spul-wurklist fan 8 maaie 1981 yn de Brouwershoek

    1. Hindrik, wr hasto west?

    2. Tiid

    3. Sneen

    4. Spengroatten

    5. Kringspul

    6. Wiet mar freed fiif oere

    7. Ren syn ynstrumintaaltsje

    8. Ik wachtsje op myn faam

    9. Ljouwerter ballade

    10. Hurrelskriemster kleisang

    11. O famke, ik wol it oeral wol mei dy dwaan

    12. Lytse wrotter

    13. Fenus yn fers

    14. Arum Rock II

    15. Striidfers

    16. Tizebls

    17. Kobus fan e Westerein

    18. Goddeleaze tiid

    19. Hedzer Rypstra jout him f

    20. Ik wist net hoe k it hie

    21. Wyt ljocht/wyt fjoer

    22. John syn ynstrumintaaltsje

    23. Rykswei 9

     Rockploech Spul yn Jellum foar de lste kear foltallich mei Ik moat hjir wei (4-9-1993)

     


     

    Parseberjocht 1991:

    DEADBEAT OARS

    op Aaipop yn Nijln op peaskemoandei 1 april 1991 om fjouwer oere hinne

     

    It is al 14 jier lyn dat yn Enskede de earste frysktalige band, Rockploech Spul, tein sette. Der waard meast eigen wurk spile, mar ek bewurkings fan de Velvet Underground. Nei de fryske premire op 28 december 1977 yn Frjentsjer hood de groep noch in jier as fjouwer de kop der foar, oant nei in tritichtal optredens en in singeltsje (Lytse wrotter/Wie't mar freed fiif oere) sanger/skriuwer Goaitsen van der Vliet der in punt achter sette. It wie net slagge folle mear te wurden as in soarte fan cult-band yn fryske studintefermiddens, troch krapte oan muzikaal-technise kwaliteiten, publisiteit en oansluting by de tiidgeast yn popln. It wie der gewoan noch net oan ta, woenen wy ha.

    Fiif jier letter koenen de gitaren wer t it fet, foar in reuny op it earste Aaipop-festival yn 1987. Rockploech Spul klonk doe suver better as oait, mar it stie fst dat it by dy iene kear bliuwe soe. Goaitsen van der Vliet wie lykwols wer aardich op 'e smaak km, en hat lang fan doel west ld en nij frysk wurk, dat te goed wie om wei, ris op te nimmen mei in Enskedese gelegenhydsformaasje. It is der oant no ta net fan km.

    Mar it spyljen koed er net litte, en sa km er nei alderhanne omballings telne yn it wylde Palach, dr't er yn 1989 as twadde gitarist in pear lokale optredens mei die foar oardel hoannekaam en in learen jas.

    Ut de jiske fan Palach ferriisde in nije band: Deadbeat, dat safolle as 'tpoept' betsjut. Deadbeat makket stevige seachrock, mei de roots yn de jierren sechstich, en it goede t de jierren drnei der op ta. Muzyk dy't stiet as in daampeal, sees mar, yn omke Lou syn favorite line-up: twa gitaren, bas en slachreau.

     

    Deadbeat Oars is dus oars neat as Deadbeat mei in oanpaste, frysktalige wurklist:

    1. De strnder

    2. Dat bisto

    3. O Candy ('Ik wol it wer mei dy dwaan')

    4. Nije sensaasje

    5. Nachtjacht

    6. Moarn is wer in nije dei

    7. De bile

    8. Blyn spul
       

    Deadbeat (maart 1991) mei fan links nei rjochts Goaitsen van der Vliet (sang en slachgitaar), Andr Rosendaal (slachreau), Arthur van Wijck Jurriaanse (pielgitaar) en Dext (sang en basgitaar). Foto Johan Leerkotte.
     

     Deadbeat yn De Tor yn Enschede mei Tomorrow's just another day (1991)


    Neiskrift 2004

    Spitigernch gong it allegear net troch om't slachman Andr yn de wike foar Aaipop syn ankel ferklofte. Drnei rekke de bend mei spul tinoar. Twa Fryske nmers, De bile en Dat bisto, waarden letter publisearre yn it Hjir-muzyknmer en op de byhearrende feestjn fan 29 oktober 1993 nei foaren brocht troch Goaitsen van der Vliet mei de bend Dokk'm.

     

     Goaitsen van der Vliet & Dokk'm mei De bile (1993)

     

    Rockploech Spul revival as Fjoer

    Goaitsen van der Vliet (sang en slachgitaar) hat werris in nije bend byinoar swile en docht by gelegenhyd nder de namme Fjoer [1] fjouwer frysktalige Velvet Underground-bewurkings fan de Spul-wurklist: Sneen (Sweet Jane), Fenus yn fers (Venus in furs), Ik wachtsje op myn faam (I'm waiting for my man) en Wyt ljocht/wyt fjoer (White light/white heat). De oare muzikanten binne Martin Peulen (pielgitaar), Jan Hogenboom (toetsen), Harm Braam (basgitaar) en Henk van de Wetering (slachreau). It sil heve op snein 14 novimber 2004 tusken fjouwer en acht oere yn Proeflokaal Belgi (Schuttenstraat 2, 7607 Almelo). Ek oare bends lykas Velvet Underwear en Big Bang spylje dan wurk fan de V.U. Fjoer sil sa tusken seis en sn fan har hearre litte.

    [1] Sprek t as V.U.-er. In gaadlike namme foar dizze nije kombinaasje hie oars ek wol Gjin Spul wze kind. Der is kns dat Fjoer nei har earste optreedzjen as trochgiet yn deselde besetting mei mear frysktalich wurk.

    Goaitsen van der Vliet (zang en slaggitaar) heeft weer eens een nieuwe band bijeengeharkt en doet bij gelegenheid onder de naam Fjoer (Vuur) vier Velvet Underground-bewerkingen uit het repertoire van Rockploech Spul, de eerste friestalige rockband. De andere muzikanten zijn Harm Braam (basgitaar), Jan Hogenboom (toetsen),  Martin Peulen (sologitaar) en Henk van de Wetering (drums). Een en ander zal plaatsvinden op zondag 14 november 2004 tussen vier en acht in Proeflokaal Belgi (Schuttenstraat 2, 7607 Almelo). Ook andere bands zoals Velvet Underwear en Big Bang spelen dan werk van de V.U. Fjoer zal zo ergens tussen zes en zeven aan de beurt zijn.


    Rockploech Spul revival as Oar Spul

    Op it slotfeest fan it propedeuzeprojekt Sound or Music fan de fdieling Engineering oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden op tongersdei 13 jannewaris 2005 is der nder de namme Oar Spul spile wurden troch ld-Spulmaten Goaitsen van der Vliet (sang en slachgitaar), Ren Doesburg (pielgitaar) en Bauke Kuiper (basgitaar) oanfold mei Jan Boerma (fingertaasten, ex Trio Udo Spitsbergen) en Andr Bloemsma (slachreau, ex Latches). Op Goaitsen nei allegear dosinten fan NHL Engineering.
    Wurklist: Ik wachtsje op myn faam, Sneen, Lytse wrotter en O famke (ik wol it oeral wol mei dy dwaan)

    Oar Spul 2005 fan links nei rjochts: Jan Boerma, Goaitsen van der Vliet, Ren Doesburg, Bauke Kuiper, Andr Bloemsma.


    19-01-2010, Bits & Books, post goaitsen@home.nl